Springe nei ynhâld

John William Polidori

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan John Polidori)
John William Polidori, skildere troch F.G. Gainsford

John William Polidori (Londen, 7 septimber 1795 – dêre, 24 augustus 1821) wie in Ingelsk skriuwer en dokter fan Italjaansk komôf.

Hy wurdt faak beskôge as de inysjator fan it fampierferhaalsjênre yn de literatuer. Syn meast ferneamde wurk is The Vampyre (1819), in koart ferhaal yn de tradysje fan de 'gothic novel' dat er skreau doe't er mei Percy en Mary Shelley op besite wie by Lord Byron yn in filla oan de Mar fan Sjenêve.

John William Polidori waard op 7 septimber 1795 berne yn Westminster as âldste soan fan Gaetano Polidori, in Italiaanske politike emigrant en syn frou Anna Maria Pierce, in Ingelske gûvernante. Hy hie trije broers en fjouwer susters.

Polidori wie fan 1804 ôf ien fan de earste studinten oan it yn 1802 stichte Ampleforth College yn Noard-Yorkshire. Hy gie yn 1810 nei de universiteit fan Edinburgh, dêr't er in tese skreau oer omrinne yn 'e sliep sliep en op syn njoggentjinde syn graad as doktor yn medisinen helle.

Yn 1816 kaam Polidori as liifarts yn tsjinst by Lord Byron, en beselskippe him op in reis troch Europa. Syn útjouwer John Murray bea him 500 Ingelske pûnen om in deiboek fan harren reizen by te hâlden. Letter soe Polidori's neef, William Michael Rossetti, dat bewurkje. Yn Villa Diodati, in hûs dat Byron hierde by de Mar fan Genève yn Switserlân, moete it stel Mary Wollstonecraft Godwin mei har oansteande man Percy Bysshe Shelleyen har selskipsdame Claire Clairmont, Mary har styfsuster.

Op in jûn yn juny, nei't it selskip lûdop foarlêzen hie út Fantasmagoriana, in Frânske samling fan Dútske grizelferhalen, stelde Byron foar dat elk in spûkferhaal skriuwe soe. Percy Shelley skreau A fragmint of a ghost story; Mary Shelley wurke oan in ferhaal dat letter útgroeie soe ta Frankenstein. Byron skreau in fragmint fan in ferhaal, Fragment of a Novel, oer Augustus Darvell, wat Polidori letter as basis brûkte foar syn eigen ferhaal, The Vampyre.

Nei't Byron him fuortstjoerd hie, reizge Polidori troch Italië en gie doe werom nei Ingelân. Syn ferhaal, The Vampyre, mei as haadpersonaazje Lord Ruthven, waard sûnder syn tastimming yn april 1819 publisearre yn it New Monthly Magazine. Yn Londen wenne er yn'e Great Pulteney Street (Soho). Ta syn, en Byrons, grutte argewaasje waard The Vampyre útbrocht as in nij wurk fan Byron. Byron publisearre sels syn Fragmint of a Novel dit rjocht te setten, mar The Vampyre bleau oan him taskreaun.

John Polidori stoar op 24 augustus 1821 yn it hûs fan syn heit yn Londen. Hy hie te lijen fan depresjes en hie in soad gokskulden. Nettsjinsteande fermoedens fan syn famylje dat er ferstoar troch selsmoard mei blausoer, besleat de lykskôger dat it in natuerlike deadsoarsaak wie.

Op 15 july 1998 waard by Polidori syn hûs, Great Pulteny Street 38, troch de Italiaanske ambassadeur, Paolo Galli, in oantinsplakette ûntbleate.

  • A Medical Inaugural Dissertation which deals with the disease called Oneirodynia, for the degree of Medical Doctor, Edinboarch (1815)
  • On the Punishment of Death (1816)
  • An Essay Upon the Source of Positive Pleasure (1818)
  • The Vampyre: A Tale (1819)
  • Ernestus Berchtold; or, The Modern Oedipus: A Tale (1819)
  • Ximenes, The Wreath and Other Poems (1819)
  • The Fall of the Angels: A Sacred Poem (1821)
  • The Diary of Dr. John William Polidori (1816)
  • Sketches Illustrative Of The Manners And Costumes Of France, Switzerland And Italy( 1821)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: