Jennifer Red
Jennifer Red | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Jennifer, Jenny, Megan, Mercedes, Mercedesz | |
echte namme | ? | |
nasjonaliteit | Hongaarsk | |
berne | 13 maaie 1976 | |
berteplak | ? (Hongarije) | |
etnisiteit | Hongaarsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 1997 – 2003 | |
offisjele webside | ||
gjint |
Jennifer Red, echte namme ûnbekend (13 maaie 1976), is in rêstend Hongaarsk neakenmodel en pornografysk aktrise, dy't yn it begjin fan har karriêre ek wol wurke ûnder de nammen Jennifer, Jenny, Megan, Mercedes en Mercedesz. Har artystenamme Jennifer Red sloech op har hierkleur, mei't hja rodzich is. Hja stie bekend om har behindich figuer; neffens har offisjele opjefte wie se 1.65 m, mei in gewicht fan 48 kg en kupmaat 28.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jennifer Red waard yn 1997 ûntdutsen troch de Frânske regisseur Pierre Woodman, doe't dy yn Hongarije op 'e sneup wie nei nij talint. Datselde jiers noch makke hja mei 21 jier har debút yn ien fan syn pornografyske films, in produksje fan 'e Sweedske Private-studio.
Yn totaal spile Red yn har karriêre neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn 28 films, wêrfan't it meastepart krektlyk troch Private produsearre waard, lykas fiif dielen fan 'e Private Triple X Files, twa dielen fan 'e rige Private Stories en ien diel fan it fideomagazine Private XXX.
Yn 'e Tatiana-trilogy, regisearre troch Woodman, hie se yn it earste diel allinne lesbyske seks, en yn 'e oare beide dielen in net-pornografyske rol. Fierders wurke Red ferskate kearen foar de foaroansteande Amerikaanske labels Anabolic Video en Evil Angel, en in inkele kear foar de Italjaanske studio's Diva Futura en Grand'Idea. Hja beëinige har pornokarriêre yn 2003
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Biografy en filmografy fan Jennifer Red yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Jennifer Red yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |