Springe nei ynhâld

Dzjengis Khan

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Jengis Kaan)
Dzjengis Khan.

Dzjengis Khan of Genghis Khan, wiere namme Temujin (sirka 1162 - 18 augustus 1227), wie de stifter en earste hearsker oer it Mongoalske Ryk.

Temujin wie berne yn it hjoeddeisk Mongoalje, ticht by de tsjintwurdige Russyske grins, net fier fan de rivier de Onon. Hy wie de âldste soan fan Yesugei de Dappere en Hoyelun. Alhoewol Yesugei pakesizzer wie fan Kabul-khan en formeel it khanskip urven hie, wie de ienheid fan de Mongoalen ferdwûn. De Tataren hienen de opfolgers fan Kabul-Kahn finzen naam sadat syn Sineeske tsjinstanners harren eksekutearje koenen. Doe't Temujin noch jong wie waard ek syn heit fermoarde troch de Tataren. Syn stam en syn clan fûnen him net âld genôch om it liederskip oer te nimmen, dat doe't hy dat al woe, kamen syn mem, syn broers en hy, bûten de clan te stean.

Oars as de leginden hawwe wolle, is der neat dat der op wiist dat Temujin in grut strider wie. Mar hy slagge der al yn om bûnsmaten te finen, om dêrmei it liederskip oer de clan, en dan de stam werom te krijen. Dêrmei feriene er alle stammen yn it gebiet fan Mongoalje, en ferneatige er sirka 1202 de Tataren. In de folgjende fiif jier tiid slagge hy der yn en foarmje de rûzjemeitsjende stammen om ta in ienheid, mei in haadstêd, mei in skrift, en mei wetten. Ungefear yn 1206 krige er de titel Dzjengis Khan, dy't meast ynterpretearre wurdt as Kening oer alle stammen.

It is net dúdlik wêrom Dzjengis Khan dêrnei mei syn legers optrok tsjin it noarden fan Sina. It kin wêze dat er wraak woe foar de dea fan syn oarrepake, of dat er as goed Mongoal der op út wie mear froulju oan de stam ta te foegjen (en harren manlju te fermoardzjen). It kin ek wêze dat er itselde probleem hie as it Romeinske Ryk: dat er in stam fan 2 miljoen minsken, mei mear as 120 tûzen soldaten hie, en no twongen wie om te oerweldigjen, om't allinnich dat de stam byelkoar hâlde koe.

Wat ek de reden wie, sirka 1207 begûn hy mei oanfallen op it noarden fan Sina, en fan 1211 oant 1215 oerweldige er it grutste part fan it ryk fan de Sin, wêrûnder harren haadstêd, it hjoeddeiske Peking. It oerweldigjen fan de lêste Sin liet er yn 1216 oan oaren oer.

Fan 1219 oant 1221 foege er tegearre mei syn fjouwer soannen, Jochi, Ogodei, Chaghatai en Tolui, en in leger fan 120.000 man, gâns it Khwarizm ryk, hjoeddeisk Afganistan, Turkmenistan, Oezbekistan, Tadzjikistan en Iran, ta oan it Mongoalske ryk. In part fan syn leger, sa'n 20.000 man, gong noch fierder foar it plonderjen fan Ruslân, Poalen en Hongarije en úteinliks sels in part fan Dútslân.

Dzjengis Khan sels gong wer werom nei de oarloch yn Sina. Hy woe ek it Súd-Sina, mei it ryk fan de Sung ynnimme, mar it duorre oant 1279 ear't syn pakesizzer Kubilai Khan dat ryk oerweldigje soe, en yn Sina de Yuan Dynasty begjinne soe. Dzjengis Khan sels foel yn Sina fan syn hynder, en ferstoar 18 augustus 1227 oan syn ferwûnings. Syn ryk rikte doe fan de Kaspyske See oant de Giele See.