Ikelmûs
ikelmûs | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Eliomys quercinus | ||||||||||||
Linnaeus, 1766 | ||||||||||||
IUCN-status: bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De ikelmûs of túnsliepmûs (Latynske namme: Eliomys quercinus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e sliepmûzen (Gliridae) en it skaai fan 'e ikelmûzen (Eliomys), dat foarkomt yn hast hiel súdwestlik Jeropa en dêropta dielen fan East-Jeropa. De ikelmûs is tsjintwurdich in bedrige bistesoarte. Syn neiste sibben binne de Afro-Aziatyske woastynsliepmûs (Eliomys melanurus) en de Magrebsliepmûs (Eliomys munbyanus). Op 'e eilannen yn it Westlik Bekken fan 'e Middellânske See libje ferskate ôfwikende ûndersoarten.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Algemien foarkommen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ikelmûs komt foar op it hiele Ibearysk Skiereilân en yn hast hiel Frankryk, útsein it de westlikste punt fan Bretanje. Yn Itaalje ûntbrekt er inkeld yn it uterste noardeasten en yn 'e "hakke" fan 'e Lears fan Itaalje. Fierders libbet er yn hiel Switserlân en Lúksemboarch, westlik Eastenryk, súdlik en sintraal Dútslân en hast hiel Belgje, útsein it noarden en westen fan Flaanderen. Yn westlik Tsjechje libbet er yn it Ertsberchtme, tsjin 'e Dútske grins oan.
Bûten dat oaniensletten gebieten komme ikelmûzen ek foar yn isolearre populaasjes op guon eilannen yn 'e Middellânske See, te witten: Korsika, Sardynje, Sisylje, de Liparyske Eilannen (benoarden Sisylje) en de Baleären. Isolearre populaasjes besteane ek yn East-Jeropa, dêr't de ikelmûs yn 'e Dalmatyske kuststripe oan 'e eastkant fan 'e Adriatyske See foarkomt, en fierders yn sintraal Roemeenje en it noarden fan Moldaavje, de Tatra, op 'e grins fan Poalen en Slowakije, ferskate gebieten yn sintraal Ruslân, de noardlike Oekraïne en súdeastlik Wyt-Ruslân, en yn in grut oaniensletten gebiet dat súdlik Finlân, hiel Estlân, noardlik Letlân en dielen fan noardwestlik Ruslân omfiemet.
Foarkommen yn Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Belgje wreidet de ikelmûs syn ferspriedingsgebiet op guon plakken nei it noarden ta út, en yn Flaanderen binne waarnimmings dien oant op luttele kilometers fan 'e Nederlânske grins yn Siuwsk-Flaanderen, mar oant no ta is er, ynsafier bekend, noch net ta Seelân trochkrongen. Yn Nederlân komt de ikelmûs fan âlds inkeld foar yn dielen fan Súd-Limboarch, dy't oer it algemien gearfalle mei de kalkhâldende ûndergrûn yn it uterste súdwesten. Sûnt 2000 binne der lykwols ek befêstige waarnimmings dien oan 'e Dútske grins yn Midden-Limboarch, en yn 'e Utertske Heuvelrêch, yn 'e provinsje Utert.
Yn 2007 koene ûndersikers yn Súd-Limboarch lykwols mar 9 eksimplaren fine op plakken dêr't de ikelmûs yn it ferline frij algemien wie. Hja wiene fan betinken dat de fersobering fan it lânskip en de klimaatferoaring (dy't de wintersliep op ynopportune mominten ûnderbrekt) debet wiene oan dy efterútgong. Yn noardlik Dútslân bestiet ek in lytse populaasje ikelmûzen, mar dy is blykber net yn steat om him út te wreidzjen. Yn Fryslân komt dit bist net foar.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ikelmûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 10-17 sm, mei in sturtlingte fan 9-14½ sm en in gewicht fan 50-140 g. De pels is op 'e rêch en de boppekant fan 'e kop brún oant griisbrún. Oer de fangen rint in skerpe demarkaasjeline mei de wite bealch, kiel en poaten. It meast opfallende skaaimerk fan dit bist is syn "masker", in swarte streek dy't him fan 'e snút ôf oer de eagen oant efter de earen rint. Dy earen stekke wol út, mar binne net mâle grut foar in sliepmûs. De eagen binne swart en rûn. De sturt is oan 'e ûnderkant witich, mei in boppekant dy't oan it begjin brún is en einiget yn in swarte punt, hoewol't de uterste hierpunten fan 'e plom wer witich binne.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ikelmûzen libje yn gebiet mei genôch rotspartijen, stienfjilden, muorkes en oare stiennen dêr se har efter, ûnder of tusken ferskûlje kinne. Ek it foarkommen fan bosk mei in opgeande boaiemfegetaasje is fan belang. Behalven yn leafwâld mei in gloaiend terrein op in rotsige ûndergrûn komme se ek foar yn hagen, hôven, wyngerds en tunen. Yn 'e Alpen binne se waarnommen oant op in hichte fan 2.000 m.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ikelmûs is benammen nachts aktyf, mar it is strikt nommen net in nachtdier, mei't er ek wolris deis foar 't ljocht komt. Ornaris ferlit er lykwols yn 'e jûnsskimer syn nêst, en keart er dêr pas wer werom tsjin 'e moarnsdage. Yn it foar- en neijier komt er tuskentroch ferskate kearen eefkes werom om in knipperke te meitsjen. Nêsten wurde oanlein yn grotten, stiengatten, rotsspjalten, herntsjes yn muorren of nêstkasten, mar meast yn beamholten. Soms bouwe se sèls in bolfoarmich nêst fan moas, hier en fearren. By 't winter kringe se ek wol minsklike wenten en bygebouwen binnen om har sêd te iten oan opsleine fruchten of om der har wintersliep troch te bringen.
Hoewol't ikelmûzen goed klimme kinne, ferpleatse se har almeast oer de grûn. It binne sosjale bistkes, dy't yn famyljegroepen libje. Fan oktober oant yn april hâlde se in wintersliep en fuort neitiid brekt foar har de peartiid oan. Nei in draachtiid fan 21-23 dagen smyt it wyfke yn 'e regel 1 kear, mar soms 2 kear jiers in nêst fan 4-6 jongen. Dy fertoane har al rillegau bûten it nêst, en folgje dan yn in inkele rige har mem wêr't dy ek mar giet. As jongen binne ikelmûzen tige boartlike bisten, en se binne dan ek faak oan it mâljeien op of om har mem hinne. De wyfkes berikke pas nei har twadde wintersliep geslachtsripens. De populaasjetichtheid leit yn gaadlike biotopen om 'e 3 eksimplaren de ha hinne, oant hast dûbeld safolle by 't simmer. Yn strange winters komt in grut diel fan 'e populaasje om. De maksimale libbensferwachting is by ikelmûzen 6 jier, mar trochstrings hâldt it mei 3 jier wol op.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ikelmûzen binne omnivoaren, dy't sawol plantaardich as dierlik guod frette. Op har menu steane sieden, fruchten, planteknoppen, beambast, lyts wrimelt, lykas ynsekten, wjirms en slakken, en fierders aaien en fûgelpiken. Undersikers hawwe ferskate kearen waarnommen hoe't ikelmûzen oare lytse kjifdieren, lykas boskmûzen, lytse wrotmûzen en hûsmûzen, fan in mûklaach út oerfoelen en deaden. Ek sliepende sjongfûgels, lykas lysters, binne nachts foar ikelmûzen net feilich. Fruchten wurde al oanfretten as se noch oan 'e beam hingje, in praktyk dy't dit bist net populêr makke hat by túnkers. Ikelmûzen lizze gjin itensfoarrieden oan foar de winter.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ikelmûs hat de IUCN-status fan "bedrige", om't er yn hast syn hiele ferspriedingsgebiet sterk efterútbuorket. Dat hat benammen te krijen mei habitatferlies, mei't dizze soarte net oerlibje kin yn gebieten dêr't alle âldere en deade beammen (mei de foar harren essinsjele beamholten) kappe en fuorthelle binne. Yn it noarden fan it areaal spilet nei alle gedachten ek it ferskynsel klimaatferoaring in wichtige rol, mei't de bisten dêrtroch earder út har wintersliep helle wurde, wylst der dan noch gjin of net genôch fretten foarhâns is.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne seis erkende ûndersoarten fan 'e ikelmûs, wêrfan't alle ôfwikende foarmen op eilannen yn 'e Middellânske See foarkomme, dêr't se trouwens tige seldsum binne. It giet hjirby om:
- de gewoane ikelmûs (Eliomys quercinus quercinus), op it fêstelân fan Jeropa;
- de Sardyske ikelmûs (Eliomys quercinus sardus), op Sardynje;
- de Sisyljaanske ikelmûs (Eliomys quercinus dichrurus), op Sisylje;
- de Liparyske ikelmûs (Eliomys quercinus liparensis), op 'e Liparyske Eilannen (benoarden Sisylje);
- de Baleaarske ikelmûs (Eliomys quercinus gymnesicus), op Majorka, Minorka en Ibytsa;
- de Formenteara-ikelmûs (Eliomys quercinus ophiusae), op Formenteara.
De Formenteara-ikelmûs springt der benammen út, troch in dúdlik gruttere lichemsfoarm en in folslein swarte sturt. De populaasjes yn it Midden-Easten, Egypte en Lybje binne koartby erkend as in selsstannige soarte, de Afro-Aziatyske woastynsliepmûs (Eliomys melanurus).
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Side oer de ikelmûs op it webstee fan 'e Zoogdiervereniging, mei in link (Voorkomen in Nederland) nei de side fan 'e Nationale Databank Flora en Fauna, dêr't waarnimmings fan 'e ikelmûs yn Nederlân op in kaartsje werjûn binne
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Sûchdieresoarte
- Ikelmûs
- Bedrige sûchdier
- Lânseigen fauna yn Andorra
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Gibraltar
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Monako
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn San Marino
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Tsjechje