Springe nei ynhâld

Het Pink

Ut Wikipedy
Het Pink
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Hollân
gemeente Saanstêd
plak Koog aan de Zaan
adres Pinkstraat 12
koördinaten 52° 27' N 4° 48' E
bysûnderheden
type mûne stellingmûne
funksje oaljemûne
flecht 23,3 m
boujier 1751
oare ynformaasje
eigner De Zaansche Molen
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 39939
Webside
Hiemside Het Pink
www.zaanschemolen.nl
Kaart
Het Pink (Saanstêd)
Het Pink

Het Pink is in oaljemûne oan 'e Pinkstraat yn Koog aan de Zaan yn 'e gemeente Saanstêd.

De mûne waard om 1751 hinne boud, nei alle gedachten op de fjouwerkante, ikehouten ûnderbou fan in foargonger út 1620, in wipstellingmûne. De mûne bleau oant de ein fan 'e jierren 1920 yn bedriuw, ek al hie de mûne hiel wat ûnheil trochstien.

De foargonger fan 'e hjoeddeiske mûne waard yn 1620 boud en is ien fan 'e âldste noch besteande mûnen yn 'e Saankrite. Eartiids wie de mûne lytser en hie de mûne in boppebou lykas in wipmûne. De mûne hie ek mar ien oaljeparse. It tsjintwurdige oansjen krige de mûne yn 1751. Tusken 1779 en 1935 wie de mûne altiten yn it besit fan 'e famylje Honig, in famylje mei likernôch 20 oaljemûnen. De mûne rekke yn 'e hjerst fan 1792 by min waar yn 'e brân, mar hy gie net ferlern. By in stoarm yn maart 1876 briek de boppe-as, itjinge in soad skea feroarsake. Yn 1903 brieken beide roeden. By it ynslaan fan 'e bliksem op 25 juny 1915 ûntstie in lytse brân. Op 11 septimber 1926 briek de boppe-as fannijs. De boppe-as waard ferfongen troch de boppe-as fan De Jonker, in mûne dy't fan 'e selde famylje wie. Yn dy tiid ferwurke de mûne kakaoskroat ta kakaobûter. Het Pink rekke yn 1929 bûten bedriuw.

De famylje skonk de mûne oan 'e Saanske VVV, dy't de mûne ferhûzje woe. Yn 1939 waard de mûne oerdroegen oan de feriening De Zaansche Molen, dy't noch jimmeroan eigner is. It wie de earste mûne fan 'e feriening, dy't hjoed-de-dei 13 mûnen yn besit hat. De Zaansche Molen liet de mûne wer hielendal restaurearje en brûkte by dy restauraasje ûnderdielen fan oare oaljemûnen dy't bûten gebrûk steld wiene.

Eartiids stie de mûne yn in iepen greidegebiet, mar sûnt de ein fan 'e jierren 1930 rekke de mûne ynboud, wêrmei't de mûne net mear goed ta syn rjocht komt.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Wynmûnen yn 'e Saankrite
Oaljemûnen: De Bonte HenDe OoijevaarDe OsHet PinkDe Zoeker
Seachmûnen: De Gekroonde PoelenburgDe Held JozuaHet Jonge Schaap
Oare types: De Bleeke DoodHerkulesDe HuismanDe KatDe KokerHet PrinsenhofDe SchoolmeesterDe Veldmuis
Lytse mûntsjes: De HadelDe Jonge DirkKaatmolenHet KlaverbladDe KroosduikerDe WindhondDe WindjagerDe ZwaanHet Zwarte Kalf
Oars: Mûnemuseum · Saanske Skâns · Feriening De Zaansche Molen
· · Berjocht bewurkje