Helen Mirren
Helen Mirren, berne as Ilyena Vasilievna Mironov, (Ilford, 26 july 1945) is in Britsk aktrise fan Russyske komôf. Se is yn Nederlân en Belgje fral bekend wurden troch har haadrol as haadynspekteur Jane Tennison yn de detectivesearje Prime Suspect. Mirren hat spile yn tal fan films, teaterstikken en telefyzjefilms.
Keninginnen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mirren wûn yn 2005 in Emmy Award foar har rol yn de telefyzjefilm Elizabeth I. Ein 2006 kaam der op'n nij in film út wêryn't Mirren de rol fan in keninginne fertolket: The Queen. Yn dizze film spilet Mirren de rol fan Elizabeth II fan it Feriene Keninkryk, yn de tiid fan it ferstjerren fan Prinses Diana. Hja krige foar dy rol de Oscar foar bêste aktrise.
Dame Commander of the British Empire
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 5 desimber 2003 waard har de Dame Commander of the British Empire takend. Sy sei doe dat hja wat skruten west hie om dy ûnderskieding oan te nimmen en dat men har oerhelje moatten hie om him te akseptearjen.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- The Helen Mirren Appreciation Society
- Helen Mirren Biografy
- Morley Safer profyl fan Helen Mirren op CBS' "60 minutes", 7 jannewaris 2007
- The Helen Mirren Appreciation Society, Offisjele fan club
- Simon Hattenstone, "Nothing like a dame", (ynterview) The Guardian (Londen), 2 septimber 2006
- Arifa Akbar, "Helen Mirren: The good, the bad and The Queen", (ynterview), The Independent (Londen), 27 maaie 2007
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|