Heidehipper
heidehipper | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
mantsje yn simmerkleed wyfke | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Oenanthe oenanthe | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
simmerfûgel wintergast |
De heidehipper (Oenanthe oenanthe), fitop, kwikkert, stienbikker of stienfûgeltsje (Nederlânsk: tapuit) is in sjongfûgel út it skaai Oenanthe (kwikkerts) fan de ûnderfamylje Saxicolinae (paapkefûgels). Dizze ûnderfamylje waard earder as lytse lysterfûgels beskôge, no rekkene ta de famylje Muscicapidae (Miggesnappers). It is in fûgel fan drûge, sânige en rotsige gebieten dy't foerazjearret op de grûn en briedt yn kninehoalen. Heidehippers binne trekfûgels, en binne simmerdeis yn hiel Europa te finen. Teffens komme se foar yn Aazje en op beskate plakken yn noardwest- en noardeast-Kanada, Grienlân en Alaska. It is de ienichste fan de famylje dy 't sa fier noardlik foarkomt. Alle fûgels oerwinterje lykwols yn Afrika en moatte somtiids 1500 oant 2000 km nei harren briedgebiet ôflizze.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Grutte: 14.5-15.5 cm; Spanwiidte: 26-32 cm; Gewicht: 17-30 gram; Aaien: 5-6; Briedtiid: 14 dagen; Snaffel: koart en fyn. It mantsje kriget yn de maitiid in simmerkleed (briedkleed).
Fiedsel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Heidehippers frette meast ynsekten, mar ek spinnen, slakken en wjirms. Yn de hjerst ite hja ek wol beien.
Yn Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Nederlân is de heidehipper in seldsume briedfûgel yn de dunen en sânferstowingen. De soarte brette foaral op de Waadeilannen en ek wol yn de dunen fan Noard-Hollân en Súd-Hollân. Al yn de jierren '60 wienen der oanwizingen dat de fûgel efterút gie. Yn de jierren 1990 waard de heidehipper seldsum yn de dunen fan it fêstelân. Yn it binnenlân komt de heidehipper noch geregeldwei foar op de drûge heidefjilden en sânferstowingen op de Feluwe, yn Drinte en Súdeast-Fryslân. Benammen op it (Aekingersân by Appelskea) hâldt de heidehipper it út.[1] Trochstrings rekket de heidehipper lykwols hurd yn de bedelte. SOVON rûst de efterútgong tusken 1990 en 2007 op goed 5% it jier, en dêrnei noch mear: der briede yn 2007 noch sa'n 700 en yn 2018 mar sa'n 300 pear yn Nederlân.[2] De fûgel is yn 2007 as bedrige op de Nederlânsk Reade List byskreaun.
As gast is de fûgel net sa seldsum. Yn april/maaie en yn septimber binne rûnom yn Nederlân heidehippers op trochtrek waar te nimmen.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De heidehipper ken fjouwer ûndersoarten:
- Oenanthe oenanthe leucorhoa ("Grienlânske heidehipper"): Noardeast-Kanada, Grienlân, Iislân
- Oenanthe oenanthe oenanthe: Noard- en Midden-Jeropa, Sibearje, Noardwest-Amerika
- Oenanthe oenanthe libanotica: Súd-Jeropa, Súdwest- en Midden-Aazje
- Oenanthe oenanthe seebohmi ("Swartkielheidehipper"): Noardwest-Afrika; dizze ûndersoarte wurdt ek wol as aparte soarte (Oenanthe seebohmi) sjoen.
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Bewenners fan (eardere) heidedoarpen wurde wol gekjeiend 'heidehippers' (of 'heidepiken') neamd.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- SoortenBank.nl beskriuwing, ôfbylden en lûd
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Oenanthe oenanthe fan Wikimedia Commons. |
- Fûgelsoarte
- Kwikkert
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Andorra
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn de Fêreu-eilannen
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Gibraltar
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Guernsey
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Ierlân
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Yslân
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Jersey
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kosovo
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Malta
- Lânseigen fauna yn Man
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Monako
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn San Marino
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Syprus
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Wales
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Alaska
- Lânseigen fauna yn Grienlân
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Kanada
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Boerûndy
- Lânseigen fauna yn Dzjibûty
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Kaapverdje
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Malawy
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Simbabwe
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Uganda