Springe nei ynhâld

Herre Halbertsma

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan H. Halbertsma)

Herre Halbertsma (Snits, 9 july 1920 - Amersfoart, 3 desimber 1998), wie in Fryske histoarikus, dy't foaral namme makke as archeolooch.

Herre Halbertsma waard berne yn Snits en brocht dêr syn jeugd troch. Yn 1940 studearre hy yn Grins skiednis, mei âldheidskundige boaiemûndersyk as byfak. Hy wie in skoftsje meiwurker fan A.E. van Giffen en ûnder dy syn lieding die hy ûnderfining op yn it fjild. Nei syn stúdzje gong er yn 1947 wurkjen by de krekt dêrfoar oprjochte Rykstjinst foar it Aldheidskundich Boaiemûndersyk (ROB). Al gau wie Halbertsma belutsen by tsjerke restauraasjes, dêr't âldheidskundich boaiemûndersyk in wichtige oanfolling by foarme op de bouskiednis. It binne foaral de ûntelbere tsjerke opgravings west dy't syn namme bekendheid joegen, mei as hichtepunt de St. Bonifatiustsjerke en St. Maartenstsjerke yn Dokkum, de St. Vitustsjerke (of Aldehou) yn Ljouwert en de Lebuinustsjerke yn Zaltbommel.

Halbertsma hat in protte artikels skreaun oer syn ûndersyk, dêrfoar krige hy yn 1958 de prestyzjeuze Joost Hiddes Halbertsma-priis fan de provinsje Fryslân foar syn fertsjinsten op it mêd fan de Fryske Histoarje en folkekunde.

Halbertsma wie troud mei Elvira Jaunsleine (1922-2009), mei wa't er in dochter krige, Marlite Halbertsma, en twa soannen, Junt en Ruurd Binnert Halbertsma. Hy bewenne fan 1954 oant syn dea it Sekretarishûske yn Amersfoart.[1]

  • Zeven Eeuwen Amersfoort. (Amersfoart, 1959)
  • Terpen tussen Vlie en Eems, (Grins, 1963),
  • Van Sneek naar Amersfoort, (Utert, 1992),
  • Frieslands Oudheid, Het rijk van de Friese koningen, opkomst en ondergang, (Utert, 2000)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Tijdbalk Amersfoort