Hôfdo
Hôfdo | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Columba palumbus | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
stânfûgel simmerfûgel wintergast |
De hôfdo (Columba palumbus), ek houtdo , wâlddo of houdo, is de grutste dowesoarte fan West-Europa. Hôfdowen binne yn ús kontreien stânfûgels, fûgels út it eastlike en noardlike ferspriedingsgebiet oerwinterje fakentiden yn West-Europa en Súdwest-Europa.
Op de fûgel wurdt in hiel soad jage. Neffens Animal Rights wurde allinne yn Nederlân alle jierren tusken de 45.000 en 58.000 hôfdowen sketten (sifers 2017-2019). De hôfdo stiet dêrmei op it tredde plak fan 'e meast bejage bisten yn Nederlân.[1]
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hôfdowen binne 41 oant 45 sm, wege 275 oant 700 gram en ha in spanwiidte fan 68 oant 77 sm. Se ha in blaugrize kop. It boppebealchje is laaigriis en fierder rjochting de sturt blaugriis. It boarst is griisrôze en wurdt nei de búk ta ljochter oant by de sturt hiel ljochtgriis. De fûgel is op ôfstân goed te ûnderskieden fan oare dowesoarten troch de wite bân op 'e wjukken, de kleuren yn 'e nekke en de giele iris.[2]
Oan 'e sydkanten fan 'e nekke en de achterkant fan 'e nekke is in griene metaaleftige glinsterjend bân fan boppe, dêrûnder is allinne oan 'e sydkanten fan 'e nekke in wite flek en dêr wer ûnder is in glânzgjende pearse bân. De opfallende bân op 'e boppewjuk ûntstiet mei't de grutte dekfearren folslein wyt binne. De slachpinnen binne donkergriis, de bûtenflaggen fan 'e earste oant de njoggende slachpin hawwe in smelle, wite seame dy't by de tsiende slachpin minder skerp is. De stjoerpinnen binne boppe blaugriis, dan folget in diffuse, ljochtgrize bân en oan it ein in brede donkergrize bân. De koarte snaffel is read by de basis en wurdt dêrnei giel. De houtdo hat koarte, rôze poaten.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De hôfdo libbet fan Europa oant yn it uterste noarden fan Afrika en rjochting Aazje dêr't it ferspriedingsgebiet dan jimmeroan lokaler wurdt. Yn gebieten sûnder genôch beammen komt de fûgel net in soad foar.
Eartiids wie de hôfdo in skouwe boskfûgel (dêrfandinne ek de namme wâlddo) en yn dielen fan syn ferspriedingsgebiet is dat noch jimmeroan sa. Hjoed-de-dei is de fûgel ek in kultuerfolger woarn, dy't hieltiten mear yn stêden en parken libbet, wylst de fûgel yn 'e bosken efterút gie. De hôfdo komt yn hiel Nederlân foar, mar de heechste konsintraasjes fan hôfdowen yn Nederlân binne te finen yn it easten en it suden fan it lân en de kuststreken. It tal briedpearkes yn Nederlân wurdt op 290.000 oant 580.000 rûsd (2018-2020). Winterdeis wurdt it oantal op 1.000.0000 oant 2.000.000 rûsd.[3][4]
Winterdeis oerwinterje grutte groepen houtdowen út Noard- en East-Europa yn ús kontreien.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hôfdowen skarrelje op 'e grûn it iten by inoar. Se ite fral sied en beien. Yn stêden ite se fan 'e strjitte ek itersresten dy't minsken falle litten ha.
Nêst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De balts fan 'e hôfdo begjint yn maart of april, yn 'e populaasjes fan 'e stêden fakentiden al folle earder. Troch it lange briedseizoen binne baltsende hôfdowen oant yn septimber noch in soad te sjen. De flecht fan 'e balts fan it mantsje giet fan 20 oant 30 meter steil omheech, dan klapt it mantsje ferskillende kearen lûd mei de wjukken, wêrnei't er gliidzjend mei horizontaal útsprate wjukken en in brede sturt wer delkomt. Dy baltsflecht wurdt fakentiden twa- oant fiif kear werhelle yn in grutte bôge troch it territoarium. By tige lytse territoaria giet de baltsflecht ek oer de grinzen fan it eigen territoarium hinne.
De nêsten binne faak sleau en suterich en stellen somtiden net mear foar as wat twiichjes. Somtiden kin der dwers troch in nêst hinne sjoen wurde, sadat de aaien fan ûnder te sjen binne. It mantsje draacht it materiaal oan, dat it wyfke wat te plak leit. Nêsten wurden fakentiden op 'e nij brûkt. It komt faak ta twa lechsels fan twa wite aaien yn't jier.
De briedtiid duorret 16 oant 17 dagen. Jonge fûgels kinne nei 35 dagen fleane. As de jongen krekt útkommen binne, bestiet it iten foar it meast út molke út it krop. It oandiel fan plantaardich iten nimt fuortendaliks mei it âlder wurden fan 'e jonge fûgels ta.
Ut Ingelsk ûnderysk hat it bliken dien dat de earste lechsels foar in grut part ferlern gean. Mei't de âlders dan faak noch lang sykje moatte om iten en it nêst sûnder tafersjoch efter litte, kinne kriefûgels de nêsten plonderje. Mar meast is it ferlies oan brek oan iten en min waar te witen.
Mortaliteit
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De measte hôfdowen stjerre al yn it earste libbensjier. Berekkeningen yn Grut-Brittanje en Nederlân wize in mortaliteit fan 46 oant 70% út en dy fan folwoeksen fûgels tusken de 35 en 46%. Njonken natuerlike fijannen en syktes, kinne strange winters ek oan grutte ferliezen bydrage. De belangrykste oarsaak is lykwols yn grutte dielen fan Europa de sterke bejaging fan 'e fûgel.
Fijannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Njonken de minsken foarmje hauken in grut gefaar foar de houtdo. Minder faak fergripe oare rôffûgels lykas Noardske falken en sparwers harren oan 'e soarte. Mûzebiters fange hôfdowen mar selden. Fan 'e Midden-Europeeske ûlen binne oehoe's in duchtige fijân fan 'e houtdo.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hôfdowen besteane út fiif ûndersoarten. Ien dêrfan is útstoarn.[5]
- C. p. palumbus: fan Europa oant it west fan Sibearje, it noardwesten fan Afrika en Irak.
- C. p. azorica: de eastlike en sintrale Azoaren.
- C. p. iranica: fan súdwestlik en noardlik Iran oant súdwestlik Turkmenistan.
- C. p. casiotis: fan súdeastlik Iran oant Kazachstan en westlik Sina, noardwestlik Yndia en Nepal.
- † C. p. maderensis: Madeira.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De hôfdo is in talrike briedfûgel yn Europa. BirdLife International rûsd de wrâldpopulaasje op 40 oant 70 miljoen fûgels en de Europeeske populaasje op 18 oant 34 miljoen. Tusken 1970 en 1990 wie de Europeeske populaasje stabyl, dêrnei folge in lichte taname.
De houtdo wurdt neffens de Reade list fan 'e IUCN net bedrige.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Ringeltaube (ferzje 15 april 2024)
|
- Fûgelsoarte
- Hôfdo
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Andorra
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn de Azoaren
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd
- Lânseigen fauna yn de Fêreu-eilannen
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Gibraltar
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Guernsey
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Ierlân
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Jersey
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kosovo
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Madeara
- Lânseigen fauna yn Man
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Monako
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn San Marino
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Syprus
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Wales
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Oman
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Palestina
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Algerije
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Tuneezje