Grutte wjerskynflinter
grutte wjerskynflinter | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Apatura iris | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De grutte wjerskynflinter (Apatura iris) is in soarte yn de famylje fan de Aureliaflinters (Nymhalidae).
Foarkommen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutte wjerskynflinter libbet yn âlde fochtige leafbosken. Ek libje se in groepen in boskjes by rivierkes. Meastal fljocht er heech yn de beammen en komt net folle op de grûn. De Grutte Wjerskynflinter wie frij algemien yn grutte parten fan Twinte, de Achterhoeke, sintraal Noard-Brabân en Súd-Limburch. Tusken 1920 en 1975 bleau de stân likernôch gelyk. Dêrnei is it bot efterútgong. Tsjintwurdich is de flinter in seldsume stânflinter; der binne noch mar 12 oant 15 populaasjes.
Op de Nederlânske reade list stiet de flinter as slim bedrige, mar ynternasjonaal komt er noch rûnom foar.
-
Wjerskynflinter
-
△ Wjerskynflinter
Flinter
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wjukken binne 31 oant 40 mm lang. Op de boppekant fan de foarwjuk stiet in ûnopfallende donker plak by de efterrâne. De mantsjes hawwe in prachtige pearse glâns. De wyfkes binne brún en wat grutter.
Fleantiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De flinter is te sjen fan begjin juny oant ein augustus, foaral tusken 1 en 20 july. De flinter fljocht altyd yn ien generaasje.
Rûp
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De rûp kin ûngefear 40 mm lang wurde. It liif is grien mei giele streken op de sydkant. De kop is hiel bysûnder omdat der twa útstekkende rôze hoarntsjes op sitte. De healwaaks rûpen oerwinterje yn de skors of tûken fan beammen.
De rûp fret fan de skiere wylch en de boskwylch.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Flintersoarte
- Wjerskynflinter
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Guernsey
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Jersey
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kosovo
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Sina