Griiskopspjocht
griiskopspjocht | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
mantsje wyfke | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Picus canus | ||||||||||||
Gmelin, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De griiskopspjocht (Picus canus) is in fûgel út de famylje fan 'e spjochten (Picidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De griiskopspjocht is wat lytser as de griene spjocht en ek maklik dêrmei te betizen. De fûgel is 27 oant 30 sm en hat in grize kop. It mantsje hat wat read op syn kop en it wyfke hielendal net, wylst it dêr by de griene spjocht sawol by it mantsje as it wyfke hielendal read is. De griiskopspjocht roffelet faker as de griene spjocht.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It iten bestiet foar de haadsaak út mychammels en de aaikes dêrfan. De fûgel kin goed tsjin strange winters.
Fuortplanting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It nêst bestiet út 5 oant 7 aaien en dy't yn 25 oant 27 dagen útbret wurde troch beide âlders. It mantsje wikselet it wyfke likernôch fjouwer kear deis ôf.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte libbet yn in grut part fan Sintraal- en East-Europa en it suden fan Noarwegen en Finlân. Fierder binne der tsien ûndersoarten yn in grut gebiet yn Aazje (Súd-, Midden- en East-Aazje en Yndo-Sina).[1]
- P. c. canus: fan noardlik en sintraal Europa oant westlik Sibearje.
- P. c. jessoensis: fan eastlik Sibearje oant noardeastlik Sina, Koreä en noardelik Japan.
- P. c. kogo: Sintraal-Sina.
- P. c. guerini: it noardlike diel en it eastlike diel fan Sintraal-Sina.
- P. c. sobrinus: súdeastlik Sina en noardeastlik Fjetnam.
- P. c. tancolo: Hainan en Taiwan.
- P. c. sordidior: fan súdeastlik Tibet en súdwestlik Sina oant noardeastlik Myanmar.
- P. c. sanguiniceps: fan noardlik Ynje oant westelik Nepal.
- P. c. hessei: fan Nepal en noardeastlik Ynje oant Myanmar en Yndosina.
- P. c. robinsoni: westelik Maleizje.
Guon fan dy ûndersoarten wurde as eigen soarten beskôge.
It leefgebiet bestiet út âlde mingde- of leafbosken mei in soad dea hout. De fûgel mei graach oer grutte parken en bosken by wetter. Fierder komt de griiskopspjocht yn 'e bergen op gruttere hichte foar as de griene spjocht.
Syn leefgebiet leit net fier fan Nederlân ôf, mar de fûgel is yn ús lân in tige seldsume dwaalgast. It tal waarnimmings sûnt 2000 is op ien hân te tellen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De griiskopspjocht hat in grut ferspriedingsgebiet en yn Europa is it tal fûgels sûnt 1982 wer tanommen, mar de ynformaasje oer de rest fan syn ferspriedingsgebiet is beheind. De status fan 'e fûgel wurdt as net bedrige kategorisearre.
It totale tal fûgels is fanwegen resinte taksonomyske ôfsplitsings net te rûzen. De Europeeske popelaasje wurdt op 187.000-360.000 peakes rûsd. In rappe rûzing fan 'e wrâldpopelaasje soe op 900.000-1.900.000 folwoeksen fûgels komme.[2]
De grutste konsintraasjes fan de griiskopspjocht binne yn Europeesk Ruslân en Roemeenje te finen. Dútslân telt likernôch 9.000-13.500 pearkes fan 'e griiskopspjocht. Yn Dútslân nimt it oantal ôf en stiet de fûgel op de Reade List.[3]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Grijskopspecht (ferzje 23 desimber 2023)
|
- Fûgelsoarte
- Griene spjocht
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Kosovo
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Bûtan
- Lânseigen fauna yn Fjetnam
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Kambodja
- Lânseigen fauna yn Laos
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Noard-Koreä
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Súd-Koreä
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Tailân
- Lânseigen fauna yn Taiwan