Springe nei ynhâld

Golfoarloch

Ut Wikipedy
Grûntroepen bewegingen fan 24-28 febrewaris 1991 tidens de operaasje Desert Storm.
Golfkriich (1990-1991)

De Golfoarloch of Golfkriich wie in wapene konflikt fan augustus 1990 oant en mei febrewaris 1991. Dizze oarloch waard yn it earstoan de Twadde Golfoarloch neamd omdat de oarloch tusken Iraan en Irak (1980-1988) as de Earste Golfoarloch beskôge waard. Letter spriek men faak fan 'e Earste Golfoarloch om't de Amerikaanske ynfal yn Irak yn 2003 (it begjin fan 'e Irakoarloch) as de Twadde Golfoarloch beskôge waard.

Irak foel yn 1990, ûnder lieding fan Saddam Hoessein, om ekonomyske redenen syn buorlân Koeweit yn. De Feriene Naasjes (FN) kamen hjirtsjin meiïnoar yn aksje. Ynearsten besochten de FN te ûnderhanneljen. Dêrnei stelden sy in hannelsembargo yn tsjin Irak. Dat embargo hâlde yn dat Irak gjin guods yn- of útfiere mocht. Doe dat net holp, dienen de FN in mânske loftoanfal op Irak. Dizze oanfal ferdreau de Irakeeske troepen Koeweit út.

De loftoanfal stie benammen ûnder Amerikaanske lieding. Sawat alle lannen yn de wrâld joegen harren stipe oan de aksje, ek de Sowjet-Unie. It súkses fan dat yngripen late ta in nij optimisme wrâldwiid. Mei de 'Nije Wrâldoarde' fan nei de Kâlde Kriich soe de FN tenei yn steat wêze fredesfersteuringen gau en effektyf oplosse te kinnen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]