Gintsiaanblaujurkje
gintsiaanblaujurkje | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Phengaris alcon | ||||||||||||
Denis & Schiffermüller, 1775 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
It gintsiaanblaujurkje (Phengaris alcon, syn. Maculinea alcon en Glaucopsyche alcon) is in flintersoarte út it skaai fan 'e grutte blaujurkjes (Phengaris) yn de famylje fan de reachwjukflinters (Lycaenidae). De namme wurdt ek stavere as gensiaanblaujurkje.[1]
Foarkommen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It gintsiaanblaujurkje is yn Nederlân slim bedrige. De flinter stelt hege easken oan it libbensgebiet. Gintsiaanblaujurkjes libje op wiete heide en fochtige greiden. Se binne tige honkfêst. Om't út ûndersyk bliken die dat it gintsiaanblaujurkje hiel sterk efterút gien is, hat de Flinterstifting in beskermingsplan opsteld. Ta it behâld en ferbinen fan de libbensgebieten fan it gintsiaanblaujurkje wurde stikjes heidefljild plagge. Dit wurdt in pear kear yn it jier dien mei groepkes frijwiligers fan de Blauwe Brigaden. Der moat plagge wurde om't de flinters harren aaikes lizze op it skieppeklokje (Gentiana pneumonanthe), dat ferlet hat fan iepen romte op de heide. Mar it moat mei de hân dien wurde om't oars ek de eamelnêsten fuorthelle wurde, dêr't de rûpen ferlet fan hawwe.
Op de Nederlânske reade list stiet de flinter as: bedrige, mar ynternasjonaal komt er noch rûnom foar.
Flinter
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wjuklingte is likernôch 17 mm. By de mantsjes is de boppekant fan de fleugels sûnder plakken. De wyfkes binne griisbrún mei ûndúdlike plakken en soms blauwe bestowings.
Fleantiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De flinter fleant fan ein juny oant begjin septimber, foaral 15 oant 30 july. It gintsiaanblaujurkje fleant altyd yn ien generaasje.
Rûp
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De flinter leit syn aaikes mar op ien plant en dat is it skieppeklokje. De rûp yt allinnich fan dy plant. Nei tsien dagen lit de rûp him op de grûn falle. Ien kear op de grûn wurde se fûn troch de rûchknoopeamels (Myrmica scabrinodis), de boskstékeamels (Myrmica ruginodis) of de reade stekeamels (Myrmica rubra), dy't de rûpen meinimme nei it nêst. De rûp jout de eamels swiete stof, dêrfoar fersoargje de eamels de rûp. As de rûp grut genôch is ferpopket de rûp him. As de flinter út de pop komt, moat er meitsje dat er fuort komt, oars pakke de eamels de flinter.
De rûp fret allinnich it skieppeklokje.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Flintersoarte
- Reachwjukflinter
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Andorra
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kosovo
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Monako
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan