Springe nei ynhâld

Gerard Boersma

Ut Wikipedy
Conqueror, akryl op paniel, 44 x 39,5 sm 2009

Gerard Boersma (Harns, 1 augustus 1976) is in Nederlânsk keunstskilder binnen it Noardlik Realisme. Syn wurk wurdt skaaimerke troch in tige fine technyk en is te fergelykjen mei dat fan syn âldomke Jopie Huisman.

Gerard Boersma is berne yn Harns en groeide op yn de Fryske stêden Makkum, Warkum en Boalsert. Sûnt syn stúdzjeperioade wennet en wurket hy yn Ljouwert. Yn 1999 foltôge hy de oplieding ta 2e graads tekenlearaar yn Ljouwert. Hy studearre of yn 2001 yn de rjochting tekenkeunst oan de Akademy Minerva yn Grins.

De skilderwurken fan Gerard Boersma binne meast situearrre yn in steedlik lânskip. De ûntwikkeling yn de ynfloed fan de minsk op it lânskip en de wikselwurking dy’t hjirby optreedt steane sintraal. Ofbylde figueren fertoane trochstrings mar in bytsje sosjale ynteraksje. Se wurde benammen toand yn harren konfrontaasje mei de steedlike eleminten.

De skilder makket ek stillibbens fan gebrûksfoarwerpen en produkten lykas grienten en fruit, libbensmiddels en stikken klean.

Wichtige eksposysjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: