Friisk Foriining
Friisk Foriining | ||
algemiene ynformaasje | ||
ôfkoarting | FF | |
hist. namme | Friesisch-Schleswigsche Verein Foriining for Nationale Friiske | |
nasjonaliteit | Dútsk | |
type org. | feriening | |
wurkmêd | Noardfryske kultuer en polityk | |
haadkertier | Bredstedt (Dútslân) | |
off. taal | Noardfrysk | |
oprjochte | 27 april 1923 | |
orgaan | Seusen euine Wüi | |
tal leden | 600 | |
aktyf yn | Noard-Fryslân | |
offisjele webside | ||
www.friiske.de |
De Friisk Foriining (Noardfrysk foar "Fryske Feriening"), foarhinne bekend as de Foriining for Nationale Friiske ("Feriening foar Nasjonale Noardfriezen"), is ien fan 'e beide grutte kulturele organisaasjes fan 'e Noardfryske minderheid yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. Dizze feriening waard oprjochte yn 1923 en hat him sûnt ôfhâldich foar de Dútske steat oer opsteld. Yn 'e fisy fan 'e Friisk Foriining foarmje de Noardfriezen in etnyske en nasjonale minderheid yn Dútslân, en moatte se alle rjochten krije dy't mei dy status mank geane. Dêrmei stiet dizze organisaasje rjocht foar de oare grutte Noardfryske kulturele organisaasje, de Noardfryske Feriening (NFV), oer. It krewearjen fan 'e Foriining rjochtet him hjoed-de-dei yn 'e praktyk benammen op it befoarderjen fan it gebrûk fan 'e Noardfryske taal en kultuer.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ynterbellum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De redens foar de oprjochting fan 'e Friisk Foriining, yn 1923, giene úteinlik werom op 'e geografyske posysje fan 'e Noardfryske minderheid yn it grinsgebiet fan Dútslân en Denemark. Yn 1864 wie Sleeswyk ûnder de Twadde Dútsk-Deenske Oarloch troch de Dútsers ferovere op 'e Denen, mei as gefolch dat de Noardfriezen en in oansjenlike etnysk Deenske minderheid ûnder Dútsk bestjoer kamen. Nei ôfrin fan 'e Earste Wrâldoarloch waard der yn 1920 yn Sleeswyk in folksriedplachting holden, wêrby't it meastepart fan 'e ynwenners fan Noard-Sleeswyk foar oansluting by Denemark stimden, wylst it meastepart fan 'e befolking fan Súd-Sleeswyk by Dútslân bliuwe woe. Sadwaande waard Sleeswyk doe midstwa spjalten, en dy snuorje sette de ferhâldings tusken de dútsksinnigen en de deensksinnigen mank de Noardfriezen op skerp.
De deensksinnigen wiene ûntefreden mei it belied dat fierd waard troch de Noardfryske Feriening (NFV), dy't de Noardfryske kultuer as net mear as in Dútske streekidentiteit beskôge: perfoarst it behâlden wurdich, mar net los te sjen fan it bredere Dútske ramt. Sadwaande besleaten se ta de oprjochting fan in eigen organisaasje, de Friisk Foriining, dy't op 27 april 1923 ûnder de namme fan Friesisch-Schleswigsche Verein ("Frysk-Sleeswykske Feriening") ta stân kaam. Yn 1935 waard de feriening omneamd ta Foriining for Nationale Friiske ("Feriening foar Nasjonale Noardfriezen").
Fan it begjin ôf oan krewearre de Foriining om mear rjochten foar de Noardfriezen en harren taal te krijen. De twastriid mei de NFV duorre fuort oant yn 'e 1960-er jierren, en brocht de Noardfryske taalstriid in protte skea ta. Lange tiid waard it skeel geande holden troch persoanlike rivaliteiten en antypatyen tusken de foarsitter fan 'e Foriining, Johannes Oldsen, en de NFV-foaroanman Rudolf Muuß. Geandewei de tritiger jierren rekke de Noardfryske kultuer en taal boppedat almar mear tusken de wâl en it skip troch de groeiende macht fan 'e nazys yn Dútslân. It Noardfrysk mocht dan in Germaanske taal wêze, mar ek foar Germaanske minderheden wie ûnder it nazybewâld yn Dútslân gjin romte. Yn 1938 waard alle ûnderwiis yn it Noardfrysk beëinige en doe't in jier letter de Twadde Wrâldoarloch begûn, waard de oplibbing fan 'e Noardfryske taal en kultuer fan hegerhân hielendal smoard.
Twadde Wrâldkriich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e nazytiid waard Friisk Foriining dan wol net ferbean, mar troch de foarsitter, Johannes Oldsen, in publikaasjeferbod op te lizzen waard der likegoed it near op lein. In oare wichtige foaroanman yn dy tiid wie de dichter Jens Emil Mungard fan it eilân Sylt, dy't him dúdlik tsjin it nazybewâld oppenearre. Dyselde stoar yn 1940 yn konsintraasjekamp Sachsenhausen om't er him as etnyske Noardfries fersette tsjin 'e nazytinkbylden en it belied fan 'e regearing-Hitler.[1] Nei de Twadde Wrâldoarloch belibbe de Foriining in koarte tiid fan grutte bloei, mei't de organisaasje stipe krige fan 'e ynfloedrike organen fan 'e gruttere Deenske minderheid yn Súd-Sleeswyk, dy't fia Denemark waarme relaasjes mei de Alliëarden ûnderhold.
Hjoeddeistige sitewaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2003 naam de Foriining for Nationale Friiske de namme 'Friisk Foriining' oan.[2] Tsjintwurdich hat de organisaasje sa'n 600 leden. It haadkertier stie foarhinne yn it doarp Ost-Bargum (Noardfrysk: Aaster-Beergem), mar is sûnt oktober 2010 fêstige yn it saneamde Friisk Hüs yn Bredstedt (Noardfrysk: Bräist), dêr't ek de NFV en de Noardfryske Ried harren burelen hawwe. De Foriining fersoarget eltse hjerst in folkshegeskoallekursus Noardfrysk (de saneamde Harfsthuuchschölj), organisearret foar de Noardfryske jongerein útwikselingsprogramma's mei oare minderheden yn Jeropa en is tige belutsen by de promoasje fan it Noardfrysk troch de moderne media en by it ûnderwiis fan it Noardfrysk op 'e skoallen yn Noard-Fryslân.
Fierders is der in nauwe gearwurking mei de Noardfryske jongereinorganisaasje Rökefloose ("Roekeswaarm"), dêr't Noardfrysktalige sporteveneminten foar bern en jongerein mei organisearre wurde. Ek yn 'e polityk is de Foriining aktyf. Om't sa'n lytse minderheid as de Noardfriezen by lanlike en dielsteatsferkiezings gjin foet oan 'e grûn krije kin, hat de Foriining him oansletten by de Sydslesvigsk Forening ("Súdsleeswykske Feriening"), de kulturele organisaasje fan 'e Deenske minderheid yn Súd-Sleeswyk, en sadwaande ek by de politike tûke dêrfan, de Sydslesvigsk Vælgerforening ("Súdsleeswykske Kiezersferiening"), dy't in garandearre sit hat yn 'e Sleeswyksk-Holsteinske lândei.
Boppedat hat de Friisk Foriining, yn 'e mande mei de Noardfryske Feriening (NFV), de Heimatbund Landschaft Eiderstedt, de Feriening fan it Noardfrysk Ynstitút en de gemeente Hilgelân sitting yn 'e Frasche Rädj ("Noardfryske Ried"). Dat is in organisaasje dy't him ynset foar it behâld fan 'e Noardfryske taal, kontakten mei oare minderheden yn Dútslân ûnderhâldt en dy't de Noardfryske seksje fan 'e Grutfryske Ried foarmet. Ek is de Foriining lid fan 'e Federale Uny fan Jeropeeske Nasjonale Minderheden en fan it nasjonale komitee fan 'e Bûnsrepublyk Dútslân yn it Jeropeeske Buro foar Minder Brûkte Talen (EBLUL).
Media
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wat útjeften fan 'e Friisk Foriining oanbelanget, waard it ûnregelmjittich ferskinende blêd Seusen euine Wüi ("Us Eigen Wei"), hielendal yn it Noardfrysk skreaun. Hjoed-de-dei hat de Friisk Foriining fan moandei oant en mei freed in radio-útstjoering mei nijs yn it Noardfrysk. Dat nijs mei de namme Nais foon Diling is te beharkjen op lokale radiostasjons yn Noard-Fryslân.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (nfy) /(dú) /(dn) /(in) Offisjele webside fan 'e Friisk Foriining
- (nfy) /(dú) /(in) Offisjele webside fan Rökefloose, in jongereinorganisaasje liëarre oan 'e Friisk Foriining
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Einzelnachweise, op dizze side. |