Springe nei ynhâld

Frederick Henry Royce

Ut Wikipedy
Frederick Henry Royce
Sir Henry Royce
Sir Henry Royce
persoanlike bysûnderheden
echte namme sir Frederick Henry Royce, 1ste baronet fan Seaton
nasjonaliteit Britsk
berne 27 maart 1863
berteplak Alwalton
stoarn 22 april 1933
stjerplak West Wittering
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
berop/amt yngenieur
aktyf as autoûntwerper
reden
  bekendheid
mei oprjochter fan Rolls-Royce Limited

Sir Frederick Henry Royce, 1ste baronet fan Seaton (Alwalton, 27 maart 1863 - West Wittering, 22 april 1933) wie in Britsk yngenieur en autoûntwerper. Mei Charles Rolls (1877 – 1910) en Claude Johnson (1864 – 1926) wie er de oprjochter fan Rolls-Royce Limited.

Rolls-Royce rjochte him ynearsten op de produksje fan grutte auto's mei in fermogen fan 40-50 hk, de Silver Ghost en syn opfolgers. Royce produsearre syn earste fleantúchmotor, de Rolls-Royce Eagle, koart nei it útbrekken fan de Earste Wrâldoarloch; fleantúchmotors waarden it wichtichste produkt fan Rolls-Royce.

Doe't Royce syn sûnens yn 1911 minder waard, waard er oerhelle om syn fabryk yn Derby yn de Midlands te ferlitten en mei in team ûntwerpers nei Súd-Ingelân te ferhúzjen. Winterdeis brocht er troch yn Súd-Frankryk. Hy ferstoar yn syn hûs yn Sussex yn de maitiid fan 1933.

Dit artikel is in stobbe oer yngenieur.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.