Springe nei ynhâld

Finbarr

Ut Wikipedy

Sint Finbarr (om 55025 septimber 623) wie biskop fan Cork yn de 6e iuw en nei syn dea beskermhillige fan de stêd. Syn nammedei is 25 septimber.

Finbarr waard nei alle wierskyn berne yn de omkriten fan Bandon (County Cork), mei de namme Lochan. Hy soe studearre hawwe yn Kilkenny dêr't er ek de namme Fionnbharr (frij fertaald út it Iersk "blond hier") krige.

Finbarr moat op in eilân yn Loch Irce (no Gougane Barra) wenne hawwe en letter in ûnderwiisynstitút stichte hawwe dat waakste ta de stêd Cork.

Finbarr stoar yn Cloyne yn it greefskip Cork en waard beïerdige yn Gill Abbey, dêr't no de katedraal Sint Finbarre stiet.

St. Finbarr spilet ek in rol yn tal fan folkloristyske ferhalen.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]