Filosemitisme
Filosemitisme of Judeofily is ynteresse yn, respekt foar en wurdearring fan it joadske folk, syn belang yn de skiednis, en de positive ynfloed fan it joadendom yn de wrâld, benammen troch net-joaden. It is wat oars as Kristlik Zionisme, ûnder faak protestanten, en kin in pro-Israel hâlding fan gefolch hawwe, mar dat hoecht net.
Oersjoch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Filosemitisme is net in nij ferskysel. De 19e iuwske filosoof Friedrich Nietzsche neamde himsels in "anti-anti-Semyt". It filosemitisme makket wer opgong, wat ûnder mear bliken docht út in tanimmende niget oan joadske kultuer en skiednis oan universiteiten by net-joadske studinten.
Filosemitisme wurdt yn de joadske mienskip ferskillend ûntfongen. Guon binne der bliid mei en sjogge der oanlieding yn foar joaden om harren yndintiteit en skiednis op 'en nij te besjen.[1] Oaren binne benaud dat it om ferhoalen bekearing ta it Kristendom giet.
Filosemitisme is in utering fan it breder fenomeen Allofily, bewûndering foar frjemde kultueren. Anglofily en Frankofily binne der foarbylden fan. Daniel Goldhagen fan de Harvard University, skriuwer fan it kontroverzjele boek Hitler's Willing Executioners, redenearret dat filosemiten faak antisemiten yn it ferhoalene binne dy't it oer joaden hawwe wolle; yn in tiid dat iepenlik antsemitisme net mear akseptearre wurdt oerdriuwe hja krekt de positive kanten fan it joadendom. Norman Finkelstein is it mei him iens.
In hjoeddeiske Nederlânske eksponint fan filosemitisme is de stichting Kristenen foar Israel.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|