Springe nei ynhâld

Egnatius Ydema

Ut Wikipedy

Egnatius Ydema (Aldegea (Wymbritseradiel), 23 july 1876 - Voorburg, 19 july 1937) wie in keunstskilder.

Ydema ferfear yn 1896 fan Snits nei De Haach om dêr syn wurksume libben lang wenjen te bliuwen. Nei 1925 wenne er yn Stompwyk. Hy kaam troch de tiid as ferver, mar folge in tekenkursus yn de jûnsoeren. Ydema wie fierders autodidakt al krige er ek oanwizings fan syn freon W. B. Tholen dy't by de skilders fan de Haachske Skoalle hearde. Beide mochten ek tige graach sile. Yn De Haach krige er ek kunde oan de Fryske skilder Ype Wenning (1879-1959) mei wa't er geregeldwei de Fryske marren opgie.

Ydema hearde by de Fryske skilders yn begjin 20e iuw dy't harren, mear as earder wenst wie, taleinen op it skilderjen fan it (Frysk) lânskip: Fryske marren, buorkerijen en lânskippen mei silende skippen, ek Giteren, op naturalistyske wize. Wurk fan him is yn it Frysk Museum, it Lânboumuseum, Haachsk Gemeentemuseum en it Suderseemuseum.

Kar út syn wurk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Ydema, Egnatius.

  • Helen Kämink, De doorbraak van de Friese naturalistisch landschapschilderkunst yn tentoanstellingkatalogus Salut au Monde, útj. Frysk Museum, Ljouwert 1995