Deipau-each
deipau-each | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Aglais io | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De deipau-each (Inachis io) is in soarte yn de famylje fan de aureliaflinters (Nymhalidae)
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De deipau-each is ien fan de meast algemiene deiflinters yn Nederlân. Dit hat wierskynlik net altyd sa west. Snellen (1867) skriuwt dat deipau-eagen by sommige flechten sjoen wurde, mar soms ek inkele jierren nét. Yn de rin fan de tweintichste iuw waard it ferspriedingsgebiet útwreide en hjoed-de-dei is de soarte in tige algemiene stânflinter dy't oeral sjoen wurdt. De Deipau-each is in swermlustige soarte.
Op de reade list stiet de soarte as net bedrige.
Flinter
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De flinter is werom te kennen oan de opfallende eachplakken dy't op de boppekant fan de wjukken sitte. De wjuklingte is 24-31 mm. De flinter oerwinteret op fochtige en frisse plakken yn beammen en gebouwen.
De fleantiid: juny - winter - juny. Fljocht soms in twa generaasjes.
-
Rûpen fan de Deipau-each.
-
Deipau-each
-
△ Deipau-each
Rûp
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De rûp kin 40 mm lang wurde. It liif is bedutsen mei swarte en wite stipkes. Ek de toarnen dy't op de kop sitte binne swart. Jonge rûpen libje yn groepen yn spinselnêsten. De folwoeksen rûp libbet allinnich. De rûp groeit yn de foarsimmer en yn geunstige jierren ek in de simmer en neisimmer. It popstadium duorret likernôch trije wike.
De rûp fret fan de Grutte Brânnettel op fochtige en skadige plakken. Ek de planten hop (Humulus lupulus) en Lytse Brânnettel (Urtica urens) kinne fiedsel foar de rûp wêze.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Deipau-each is de iennichste soarte yn it skaai fan de Deipau-eagen. Resint ûndersyk jout oan dat de soarte mûglik net yn in apart skaai hoecht, mar ta de Foskes (Aglais) rekkene wurde kin.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppelingen om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Wikiwurdboek-side - Deipau-each
- Wikisoarten-side - Deipau-each (Inachis io).
- Flintersoarte
- Foske
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Andorra
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Guernsey
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Ierlân
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Jersey
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kosovo
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Malta
- Lânseigen fauna yn Man
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Monako
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn San Marino
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Wales
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Noard-Koreä
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Súd-Koreä
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Taiwan
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan