Dûmnylyster
dûmnylyster | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
mantsje wyfke | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Turdus torquatus | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De dûmnylyster of dominylyster (Turdus torquatus) is in 25 sm grutte fûgel út de famylje fan de Lysterfûgels. Hy is hielendal swart lykas de Klyster, mar dochs goed te ûnderskieden troch de brede wite bân op syn boarst, dêr't er ek syn namme oan te tankjen hat.
Oare Fryske nammen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De dûmnylyster wurdt yn it Frysk ek wol beneamd as beflyster, dominy, dominylyster, krânslyster as ringlyster.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De dûmnylyster komt selden foar yn Nederlân, en dan allinnich op trochtocht. Dûmnylysters briede yn 'e bergen , yn it noarden yn Skotlân en Skandinaavje, en ek yn de Alpen. Winterdeis trekke de fûgels nei de lannen by de Middellânske See. Soms binne se yn de maitiid of yn de hjerst yn Nederlân te sjen, fral oan de kust, at se ûnderweis binne.
Fuortplanting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It nêst is, lykas by de measte Lysters, moai rûn en meast leech by de grûn yn 'e strûken. De 4-5 aaien wurde yn fjirtjin dagen útbret, wêrnei't de jongen ek noch fjirtjin dagen yn it nêst bliuwe.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De dûmnylyster yt meast wjirms, slakken en ynsekten. Yn de hjerst ite de fûgels in protte beien.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fûgelsoarte
- Lyster
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Algerije
- Lânseigen fauna yn Andorra
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Gibraltar
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Ierlân
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Kosovo
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Lybje
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Man
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Syprus
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Tuneezje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Wales