Springe nei ynhâld

Dúnparlemoerflinter

Ut Wikipedy
dúnparlemoerflinter
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme lidpoatigen (Arthropoda)
klasse ynsekten (Insecta)
skift flinters (Lepidoptera)
famylje aureliaflinters (Nymphalidae)
skaai ûnechte parlemoerflinters
   (Fabriciana)
soarte
Fabriciana niobe
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige

De dúnparlemoerflinter (Fabriciana niobe; foarh. Argynnis niobe) is in soarte yn de famylje fan de aureliaflinters (Nymhalidae).

De flinter hâldt fan drûge skrale greiden. De flinter is mar op in pear plakjes yn Nederlân mear te finen: yn de dunen flakby Hillegom, op de Waadeilannen en, ien populaasje, op de Feluwe. De soart is honkfêst.

Op de Nederlânske reade list stiet de flinter as: bedrige, mar ynternasjonaal komt er noch rûnom foar.

De wjuklingte is likernôch 23 oant 30 mm. Op de ûnderkant fan de efterwjuk sit in rige fan wite plakken mei readbrune rânen.

De flinter fljocht fan ein maaie ôf oant ein augustus. De Dúnparlemoerflinter fljocht yn ien generaasje.

De rûp hat syn groeiperioade yn it foarjier en yn de foarsimmer. It aai oerwinteret op de grûn.

De rûp fret it fjildfioeltsje en it dúnfioeltsje.