Brief oan de Filippiërs
Brief oan de Filippiërs | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Επιστολή προς Φιλιππησιους ("Epistoli pros Filippisious") | |
auteur | Paulus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 54 – 63 n.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Nije Testamint | |
● foarich diel | Brief oan de Efeziërs | |
● folgjend diel | Brief oan de Kolossers | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Brief oan de Filippiërs | |
publikaasje | 1933, Haarlim | |
útjouwer | Nederlands Bijbelgenootschap | |
oersetter | G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma |
It Brief oan de Filippiërs, yn it oarspronklike Gryksk: Επιστολή προς Φιλιππησιους, Epistoli pros Filippisious, ek wol koartwei Filippiërs neamd, is it alfde boek fan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel. It is de sechsde fan 'e brieven, en heart ta de Brieven fan Paulus. Dat de apostel Paulus dit brief skreaun hat, is ûnder bibelwittenskippers en teologen algemien oanfurde, al neamt Paulus sels yn 'e ynlieding Timóteüs as mei-skriuwer. Ut it brief docht bliken dat Paulus yn it tichthús siet doe't er him skreau, krekt as by Efeziërs, Kolossers en Filémon. Dy fjouwer brieven wurde sadwaande ek wol de Finzenskipsbrieven neamd.
De measte saakkundigen binne fan tinken dat Filippiërs om it jier 62 hinne skreaun wêze moat, doe't Paulus yn Rome fêstholden waard (61-63), al liket guon bibelwittenskippers in eardere datearring, doe't Paulus finzen siet yn Efeze (54-57) of yn Sesareä (58-61), better ta. It brief is skreaun oan 'e kristlike gemeente te Filippy, yn Masedoanje, dy't Paulus sels stifte hie op syn twadde sindingsreis, tusken 49 en 51 (sjoch: Hannelingen 16:11-40). It doel fan it brief wie om 'e Filippiërs te tankjen foar harren stipe. De earste folsleine Fryske oersetting fan Filippiërs stie yn 'e fertaling fan it Nije Testamint fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1933 útkaam.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hoewol't Filippy yn Grikelân lei, waard it net bewenne troch Griken, mar troch Romeinen, âld-legionêrs en harren ôfstammelingen. De kristlike gemeente dêre wie sadwaande in rikenien, seker yn ferhâlding ta guon oare gemeenten, en stjoerde Paulus geregeldwei jild, sadat er net sels de kost hoege soe te fertsjinjen en dus mear tiid hawwe soe om it evangeelje út te dragen. Paulus wie dan ek tige wiis mei de gemeente te Filippy. No hawwe de Filippiërs heard dat de apostel yn it tichthús sit, dat se hawwe Epafroditus stjoerd mei jild. Mar Epafroditus is siik wurden en yn Filippy sit men om him yn noed. Sadwaande skriuwt Paulus no in brief oan 'e gemeente, wêryn't er de lju tanket foar harren stipe en de hope útsprekt dat er mei gauwens sels nochris yn Filippy delkomme kinne sil. Epafroditus, dy't ûnderwilens wer opbettere is, sil it brief eigenhandich besoargje.
Nei in ynlieding mei in groetnis (Fil. 1:1-2) set Paulus útein mei in tankbetsjûging en in gebed foar de Filippiërs (Fil. 1:3-11). Dêrnei fertelt er hoe't it der mei himsels foarstiet (Fil. 1:12-26). Hy treastet de gemeenteleden oan om nettsjinsteande harren (relative) rykdom nederich te bliuwen en te libjen as tsjinners fan Kristus (Fil. 1:27-2:18). Nei in pear meidielingen oangeande Epafroditus en de hope fan Paulus en Timóteüs om sels Filippy wer te besykjen (Fil. 2:19-30), folget in warskôging tsjin lju dy't de kristenen fan it rjochte paad ôf besykje (sille) te bringen (Fil. 3:1-4:1). Nei noch wat oare fermoannings (Fil. 4:2-9), wurde de Filippiërs nochris betanke foar it jild dat se stjoerd hawwe (Fil. 4:10-20), en dan slút Paulus it brief ôf mei in groetnis en in seiniging (Fil. 4:21-23).
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1919 joech dû. Geart Aeilco Wumkes yn syn Ut 'e Heilige Dobbe û.m. in oersettingsfragmint fan eigen hân fan Fil. 3:7-14 út. De earste folsleine Fryske oersetting fan Filippiërs stie yn it Nije Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dat yn 1933 útkaam en dat fan 1943 ôf ûnderdiel útmakke fan 'e earste Fryske bibeloersetting. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan Filippiërs waard dêrby dien troch drs. H. Dijkstra, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch perfester dr. Jelle Hendriks Brouwer.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side. |