Springe nei ynhâld

Breg

Ut Wikipedy
Boarne fan de Breg yn Furtwangen
Gearrin fan de Brigach (efterrjochts) mei de Donau

De Breg is de langste boarnerivier fan de Donau.

De Breg ûntspringt yn it Swarte Wâld, op in hichte fan 1078 m, ûnder Furtwangen, yn de Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. Nei 49 km komt er yn it stedsje Donaueschingen út yn de Brigach en foarmje sy tegearre de Donau.

It streamgebiet fan de Breg beslacht 291,2 km² en de boarne leit op mar sa'n 100 meter fan de wetterskieding tusken de Ryn en de Donau (de saneamde Europeeske wetterskieding). Sa'n 900 m fierderop ûntspringt de Elz, dy't yn de Ryn útmûnet.

De Breg is sa'n 6 km langer as de Brigach (de oare boarne fan de Donau), dat hy kin beskôge wurde as de wiere boarne fan de Donau.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]