Springe nei ynhâld

Bontebok

Ut Wikipedy
Bontebok
Bok op de hjouwerkiste
Bok op de hjouwerkiste
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente It Hearrenfean
Sifers
Ynwennertal 425 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 3,50 km²
lân: 3,46 km²
wetter: 0,04 km²
Befolkingsticht. 121 ynw./km²
Oar
Postkoade 8415
Netnûmer 0513
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 57' N 6° 01' E
Offisjele webside
Side Bontebok
Kaart
Bontebok (Fryslân)
Bontebok
Kaart
Bok op de hjouwerkiste
Himrik fan Bontebok yn de gemeente It Hearrenfean

Bontebok is in doarp oan de Skoatterlânske Kompanjonsfeart yn de gemeente It Hearrenfean, east fan de flekke. Op 4 augustus 1979 krige Bontebok de status fan selsstannich doarp. Foar dy tiid wie it in buorskip yn de himrik fan Nijhoarne en yn de himrik fan De Knipe.

Bontebok hat 425 ynwenners (1 jannewaris 2023).

Slúswachterswente

It doarp ûntstie sûnt healwei de 17e iuw troch de turfwinning yn de krite oan de Skoatterlânske Kompanjonsfeart, dy't groeven wie om de turf ôf te fieren nei It Hearrenfean. Op de lokaasje fan it hjoeddeiske doarp lei in slús, dêr't de turfskippers fakentiden wachtsje moasten. Dêr stiene wol fiif herbergen en op it krúspunt fan de feart mei de dyk hie ien fan dy kafee's de namme 'Bonte Bock'. By dat kafee hong in úthingboerd mei de spreuk:

Een bok is een bok, een bok ben ik geheten.
Menigeen is in bok, maar wil het niet weten".

Skoatterlânske Kompanjonsfeart yn Bontebok

It graven fan de feart en de wiken (dwersfearten), de winning fan en it ferfier fan it fean en it nei de tiid wer yn kultuer bringe fan de ôfgroeven gebieten joegen minsken in krap bestean. Troch al dat wurk setten minsken harren dêr nei wenjen en kamen der ek winkels en letter ek in suvelfabryk en tsiismakkerij.

Yn 1955 kaam der in nije wei lâns de feart en krigen de huzen elektrysk ljocht en in jier letter ek wetterlieding. It Molkfabryk De Gemeenschap (1898-1966) is ôfbrutsen en de grûn is brûkt foar wenningbou.

Keardaam

It doarpshûs hjit 'De Bokkesprong'. It doarpsblêd hjit 'Het Bontebokkertje', eartiids 'Het Bontebokkeblaadje’. Yn Bontebok binne ein augustus de Floraliafeesten mei in Bonteboksejûn. 'De Balstien' is de soarchbuorkerij fan it doarp.

1998 2004 2005 2006 2007 2008 2009 2010 2022
404 443 455 445 447 438 450 445 420

Tsjerklik hearde it doarp by Nijhoarne. In eigen tsjerke hat it doarp nea hân. De protestanten fan it doarp hearre tsjintwurdich by de PKN gemeente Ketlyk-Mildaam.

It doarp hie earder in iepenbiere skoalle, dy't yn 'e simmer fan 2012 sletten waard.[2] It gemeentebeslut om de doarren fan de doarpsskoalle te sluten brocht in soad ûnfrede yn it doarp.[3] Neitiid is it skoalgebou ta wente ferboud.

Eklektyske pleats oan de Earste Kompanjonswei 1
  • Imke Klaver (1880-1967), folksdichter en feanarbeider. Klaver hie ferskate bestjoersfunksjes, hy wie û.o. siktaris fan de lanlike Federaasje fan Lân-, Tún- en Feanarbeiders. Skreau it boek Herinneringen van een Friese landarbeider.
Dûmny Veenwei
Kop-hals-romppleats Ald Hogeveen (1931)
  • Bonteboksleane - hiet eartiids Hogeveensewei
  • Boskpaad - neamd nei de boskjes oan it paad dat eartiids de lannen yn rûn. By de ruilferkaveling is it paad trochlutsen as fytspaad oer de eardere 4e Wyk.
  • De Draai - neamd nei in brechje oer de wiken.
  • De Grift - is in yn de tiid fan de feanterij brûkt wurd foar in groeven wettergong, feart of kanaal. Stamt út it Utertse, tink hjirby oan grêft.
  • Dominee Veenwei - hearde eartiids by De Knipe mar kaam mei ferlienen fan de doarpssteatus by Bontebok. Sjoch fierder by "Ds. Veenwei" yn De Knipe.
  • Earste Kompanjonswei - de Kompanjons hawwe yn de 16e iuw dit gebiet út de gemeente Skoatterlân ferfeante. De wei waard yn 1953 oanlein en ferfong de earder besteande paden mei in soad barten.
  • Hogeveenswei - Nei alle gedachten is dizze eardere reed om 1800 oanlein as diel fan de ferbining Nijhoarne-De Gordyk oer Bontebok. Ferskate leden fan de famylje Hogeveen wienen 'administrateur' fan de Van Dekema, Cuyck en Foeits Feankompanjy. De earsten wiene nei alle gedachten Klaas Roelofs (1759-1795) en Jacob Klazes (1795-1827), dy't yn 1811 de namme Hogeveen offisjeel oannomd hat. Syn soan Marcus Jacobs Hogeveen wie yn funksje fan 1827-1842 en waard doe opfolge troch Roel Marcus Hogeveen. De Hogeveens hawwe mear as in iuw lang in grutte rol spile yn de ferfeanting fan dizze kontreien. Yn 1979 waard de wei omneamd yn "Bonteboksleane". By de oprjochting fan it koöperative molkfabryk 'De Gemeenschap' yn 1898 waard de wei ferhurde en ferbettere.
  • Imke Klaverpaad - Imke Klaver (1880-1967) wie in bekende feanarbeider.
  • Langewykswei - is ûnderdiel fan de "wei op lange wyk", fan de "Twadde Kompanjonswei. De wei krige yn 1958 om praktyske reden syn hjoeddeiske namme.
  • Spekpôledraai - neamd nei de draaibrêge dy't op dit plak wie en leit foar it stik lân oer mei de namme Spekpôle.It sil in fruchtber stik grûn wêze mei in wat fetlike struktuer.
  • Twadde Kompanjonswei - nei de kompanjons Piter Dekema, Cuyck en Foeyts dy't yn de 16e iuw de feanterij opsetten hawwe.
  • Twadde Wyksreed - rint bylâns de 'Twadde Wyk'.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sjoch: Kerncijfers wijken en buurten 2023 (CBS).
  2. Ljouwerter Krante, 11 jannewaris 2012
  3. Blik op Nieuws, 8 july 2011

It Hearrenfean
Doarpen en útbuorrens:
AldeboarnAldhoarneAldskoatAkkrumBontebokGersleatHaskerdikenHoarnstersweachIt HearrenfeanJobbegeaKetlikDe KnipeLúnbertMildaamNesNijbrêgeNijhoarneNijskoatIt OranjewâldTerbantTsjalbert
Buorskippen:
AldskouAnnebuorrenBrongergeaBurstumEasterboarnJinshuzenMeskenwierPeanPoppenhuzenJobbegea-SkuorregeaSoarremoarreSpitsendykSythuzenWarniahuzen
· · Berjocht bewurkje