Springe nei ynhâld

Blauwe Brigade

Ut Wikipedy

In Blauwe Brigade is in frijwilligersorganisaasje dy't him ynset foar de beskerming fan it Gintsiaanblaujurkje.

De brigaden dogge dit ûnder oaren trochdat harren frijwilligers stikjes heidefjild plagje, nei it plan fan de Flinterstifting. Dit plagjen wurdt dien om de weardplant, it Skieppeklokje, dy't ferlet hat fan iepen romte op de heide, in gruttere fersprieding te jaan. It moat lykwols mei de hân dien wurde om de nêsten fan de weardeamels te beskermjen dy't foar de rûpen fan libbensbelang binne.

De earste Blauwe Brigade waard simmer 2001 oprjochte yn de provinsje Oerisel. Op 10 septimber 2005 waard de twadde brigade oprjochte yn Noard-Brabân. Organisaasjes yn Gelderlân wurkje op it stuit gear yn de oprjochting fan in Gelderske Blauwe Brigade. (2006)

De Blauwe Brigade yn Oerisel warberet ek foar de Sânhagedis, dy't op deselde wize holpen wurde kin. As troch it plagjen sân bleatmakke wurdt, dan kin de Sânhagedis dêr aaigatten yn meitsje.