Blaudoke
blaudoke | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Columba oenas | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
stânfûgel simmerfûgel wintergast |
It blaudoke (Columba oenas) is in fûgelsoarte út 'e famylje fan 'e dofûgels (Columbidae). It blaudoke is by ús in stânfûgel.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It blaudoke is 28 oant 32 sm lang en hat in spanwiidte fan 60 oant 66 sm. Mantsjes wege likernôch 300 gram en wyfkes likernôch 270 gram. Se ha in blaugriis fearrekleed, de nekke en de hals is oan wjerskanten irisearjend grien. It boarst is blaupears. De wjukken hawwe in swarte râne. De eagjes binne swart. Mantsjes en wyfkes hawwe deselde kleuren.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It iten bestiet út sied, nôt, beien, ikels, dielen fan planten ensafuorthinne.
Fuortplanting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel briedt fan maart oant septimber. De balts begjint mei bûgingen en it pearen folget op it koezjen mei snaffels en troch inoar de fearkes ploaie. It wyfke leit twa wite aaien yn in beamholte, meast âlde nêsten fan spjochten. Nêstkasten wurde lykwols ek brûkt. De briedtiid duorret likernôch 16 dagen.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Blaudokes binne yn it westen en it suden fan Europa stânfûgels en yn in grut diel fan it ferspriedingsgebiet yn East-Europa en Aazje simmerfûgels.
De fûgel komt yn Nederlân algemien foar en libbet fral op sângrûn yn in lytsskealich lânskip mei ikkerbou. Blaudokes hawwe har goed oan 'e feroarings yn it agraryske kultuerlânskip oanpast en wisten sûnt de jierren 1980 harren fersprieding oer hiel Nederlân út te wreidzjen.
It tal briedpearkes yn Nederlân wurdt op 54.000 oant 67.000 rûsd. Winterdeis is it oantal troch wintergasten út Skandinaavje en Dútslân heger en wurdt it oantal op 100.000 oant 200.000 rûsd. De heechste oantallen blaudokes binne yn it easten fan Oerisel, Gelderlân, Noard-Brabân en it noarden fan Limburch te finen. Yn Fryslân is in hege konsintraasje tusken De Lemmer en Wolvegea.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Blaudokes kinne yn twa ûndersoarten ûnderferdield wurde:[1]
- C. o. oenas: fan westlik Europa en noardwestlik Afrika oant noardlik Kazachstan, súdwestlik Sibearje en noardlik Iran.
- C. o. yarkandensis: fan súdeastlik Kazachstan en Oezbekistan oant westlik Sina.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wrâldpopulaasje wurdt op 1.400.000-2.600.000 folwoeksen fûgels rûsd. De populaasje liket te groeien en wurdt op de Reade list fan 'e IUCN as net bedrige klassifisearre.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Hohltaube (ferzje 15 april 2024)
|
- Fûgelsoarte
- Hôfdo
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Andorra
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Gibraltar
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Guernsey
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Ierlân
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Jersey
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kosovo
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Man
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Monako
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn San Marino
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Wales
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Jordaanje
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Palestina
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan