Springe nei ynhâld

Besikerssintrum Uniastate

Ut Wikipedy
'Uniastate' en Marijetsjerke

Besikerssintrum Uniastate en de tsjerke yn Bears jouwe ynformaasje oer states en stinzen en dan benammen oer de yn 1756 sloopte Uniastate. De state wurdt troch in stielen konstruksje as in soarte loftspegeling oanjûn. Op de poarte binne restaurearre wapenskylden te sjen. De fan Unia's wie in âld skaai fan grytmannen en offisieren oan de ein fan de Midsiuwen.

Yn de tsjerke is in tentoanstelling oer de arsjitektuer, it ynterieur, de bewenners en de tunen fan de eardere states en stinzen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: