Springe nei ynhâld

Babyloanje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Babyloanjers)
Babyloanje lei yn it súdeasten fan Mesopotaamje (mei grien oantsjut)

Babyloanje of it Babyloanyske Ryk wie yn 'e Aldheid in monargy yn it súdeasten fan Mesopotaamje. Dizze naasje wie ferneamd nei syn haadstêd, Babylon. Yn 'e regel wurde it twa aparte riken ûnderskaat, te witten it Aldbabyloanyske Ryk (1830-1531 f.Kr.) en it Nijbabyloanyske Ryk (626-539 f.Kr., ek wol it Galdeeske Ryk neamd. Yn 'e tuskenlizzende perioade waard Babyloanje oerhearske troch de Kassiten en de Assyrjers.

Op hjoeddeiske kaarten soe it gebiet fan Babyloanje rûchwei sa oantsjut wêze moatte:

Babylon waard yn 1894/1830/1806 foar Kr. - de gronology hinget noch - stifte troch de Amoriten. Doe't Hammûraby (1795/1728/1704 1750/1686/1664) de 6e kening fan Babyloanje waard feroare der gâns. Hammûraby wist dat de stêd Babylon op in tige gaadlik plak lei, omdat de hannelsrûtes fan de Eufraat en de Tigris deun by de stêd leine en dat wie ek fan militêr belang. Under it bewâld fan Hammûraby woeks de stêd en ferovere hy oare keninkrykjes yn Mesopotaamje. Sa waard it Ald-Babyloanyske Ryk tige machtich yn Mesopotaamje.

Yn 1595 foar Kr. (of 1531 foar Kr. neffens in oare boarne) feroverden de Kassiten Babyloanje. Der is út dy tiid net folle oerlevere, mar it is wis dat healwei de 12e iuw foar Kr. de macht fan de Kassiten ferdwûn en it Ryk fan Elam en it Assyryske Ryk de nije machthawwers wienen. Yn 'e neikommende iuwen sloech it Assiryske Ryk foar master op.

Yn 627 foar Kr. stoar de lêste machtige Assiryske kening Assurbanipal. In jier letter kaam Nabopolassar, in Galdeeske generaal, yn opstân tsjin it Assiryske Ryk. Nabopolassor wurdt de earste kening fan it Nije-Babyloanyske Ryk.