Arthur Seyss-Inquart
Appearance
Dit artikel is in stobbe oer twadde wrâldkriich.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
Arthur Seyss-Inquart (Dútsk: Seyß-Inquart), berne as Artur Zajtich[1] (Stannern, 22 july 1892 – Neurenberch, 16 oktober 1946), wie in Eastenryksk jurist en nazypolitikus. Ynearsten behearde er ta de 'reedlike' fleugel fan de Eastenrykske nazy's, mar letter oppenearre er him, as Rykskommissaris fan Nederlân, yn beset Nederlân, as in fûl hardliner.
Yn Fryslân wie syn bynamme Seis-en-in-kwart[2][3] en Seys Hinkelepink, Seyss Hinkwat en Judas Mankabenus (in wurdboarterij op Judas Makkabéus).[4]
Seyss-Inquart wie by de 22 oarlochsmisdiedigers dy't by it Proses fan Neurenberch berjochte waarden. Hy waard op 1 oktober 1946 op trije fan de fjouwer oanklachten skuldich achte en goed twa wiken letter eksekutearre.[5]
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Arthur Seyß-Inquart fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Kategoryen:
- Stobbe-twadde wrâldkriich
- Eastenryksk-Hongaarsk militêr yn de Earste Wrâldkriich
- Eastenryksk abbekaat
- Eastenryksk politikus
- Eastenryksk minister
- Bûnskânselier fan Eastenryk
- Eastenryksk faksist
- Eastenryksk krimineel
- Dútsk abbekaat
- Dútsk politikus
- Dútsk parlemintslid
- Dútsk minister fan Bûtenlânske Saken
- Dútsk faksist
- Dútsk krimineel
- Lid fan de NSDAP
- Dútsk ofsier
- Lid fan de SS
- Eastenryksk persoan yn de Twadde Wrâldkriich
- Dielnimmer oan de Holokaust
- Dielnimmer oan de Porajmos
- Persoan feroardiele foar oarlochsmisdieden
- Persoan feroardiele foar misdieden tsjin de minsklikheid
- Persoan dy't de deastraf krigen hat
- Persoan fan Moravysk-Dútsk komôf
- Persoan berne yn 1892
- Persoan stoarn yn 1946
- Nederlân yn de Twadde Wrâldkriich