Springe nei ynhâld

Apolloflinter

Ut Wikipedy
apolloflinter
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme lidpoatigen (Arthropoda)
klasse ynsekten (Insecta)
skift flinters (Lepidoptera)
famylje paazjes (Papilionidae)
skaai echte apolloflinters (Parnassius)
soarte
Parnassius apollo
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De apolloflinter (Parnassius apollo) is in soarte yn it skaai fan de echte apolloflinters (Parnassius).

Yn Nederlân is dizze flinter fjouwer kear sjoen. It is dan ek in hiele seldsume flinter yn Nederlân. De flinter hâldt fan geberchten. It is in honkfêste soarte.

De flinter fljocht fan begjin juny ôf oant ein july. Fljocht altyd yn 1 generaasje.

De flinter hat syn namme te tankjen oan de Grykske god Apollo. Apollo is ûnder oare de god fan it ljocht. De wjuk is ljocht en dêrfan de namme. De wjuklingte is likernôch 34 oant 40 mm.

De rûp kin 50 mm lang wurde. It liif is swart en is bedutsen mei lytse swarte wartsjes. Op de side hat de rûp grutte en lytse oranje plakjes. De rûpen binne aktyf as de sinne skynt; skynt de sinne net dan sitte se ferskûle ûnder stiennen. De rûp groeit yn it foarjier en yn 'e foarsimmer.

De rûp fret fan wyt himellof.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]