Springe nei ynhâld

Alpensniehin

Ut Wikipedy
Alpensniehin

mantsje yn simmerkleed

wyfke yn simmerkleed
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift hineftigen (Galliformes)
famylje fazanteftigen (Phasianidae)
skaai sniehinnen (Lagopus)
soarte
Lagopus muta
Montin, 1781
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel
     simmerfûgel
     troch de minske yntrodusearre as eksoat

De Alpensniehin (wittenskiplike namme: Lagopus muta, foarh. Lagopus mutus) is in fûgel út it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae), de tûke fan 'e rûchpoathinnen (Tetraonini) en it skaai fan 'e sniehinnen (Lagopus). Dit bist komt foar yn it uterste noarden fan Jeraazje en Noard-Amearika, mar ek yn ferskate berchtmen op legere breedtegraden en yn súdlik Sibearje. It is in stânfûgel yn it meastepart fan syn ferspriedingsgebiet. Oars as de measte fûgelsoarten út 'e poalstreken bout de Alpensniehin gjin fetfoarrie op foar de winter. De IUCN klassifisearret dizze fûgel as net bedrige. De Alpensniehin is de offisjele territoriale fûgel fan it Kanadeeske territoarium Nûnavût, dêr't er bekend stiet as de ᐊᕐᑭᒡᒋᖅ ᐊᑕᔪᓕᒃ, aqiggiq atajulik. It is ek de offisjele jachtfûgel fan 'e Kanadeeske provinsje Nijfûnlân en Labrador.

De fûgel hjit de 'Alpensniehin', hoewol't er yn 'e poalstreek folle algemiener is, om't de earste bekende eksimplaren út 'e Alpen kamen. De soartspesifike wittenskiplike namme muta is Latyn en betsjut "stom", ferwizend nei it kreakjende lûd dat de hoanne fan 'e Alpensniehin fuortbringt. Lang waard de wittenskiplike namme misstavere as Lagopus mutus, fanwegen it misferstân dat de lêste beide letters fan Lagopus in manlike útgong foarmje. Yn it Latyn hie dat ek grif sa west, mar Lagopus is Aldgryksk en betsjut "hazzepoat", ferwizend nei de befearre poaten fan 'e sniehinnen. It lêste diel is sadwaande in latinisearring fan it Grykske πους, pous, dat "poat" betsjut. Dat is in froulik wurd, en it eigenskipswurd dat derop folget, moat dêrom ek froulik wêze, dus waard it Lagopus muta.

In Alpensniehoanne yn winterkleed.

De Alpensniehin komt foar yn grutte dielen fan fral it noarden fan Jeraazje en Noard-Amearika. Yn Jeropa libbet dizze fûgel yn it Skandinavysk Heechlân en yn it noarden fan Skandinaavje, op it Kolaskiereilân fan noardlik Ruslân en yn 'e Oeral. Der besteane isolearre populaasjes op Iislân, Spitsbergen, yn 'e Skotske Heechlannen, de Alpen, de Pyreneeën en it Rodopeberchtme yn súdwestlik Bulgarije. Yn 'e Lêste Iistiid wie de fersprieding fan 'e Alpensniehin yn Jeropa folle algemiener, en de hjoeddeistige fragmintaasje bestiet sadwaande út reliktpopulaasjes.

Yn Aazje komt de Alpensniehin foar yn it noarden fan westlik en sintraal Sibearje en de hiele eastpunt fan Sibearje, it Kamtsjatkaskiereilân, it Tsjûkotkaskiereilân en de Koerilen ynbegrepen. It ferspriedingsgebiet bûcht dêr by de kust fan 'e See fan Ochotsk ôf nei it suden en omfettet ek súdeastlik Sibearje mei de kontreien om 'e Baikalmar hinne en it Altaiberchtme. Ek de eastpunt fan Kazachstan, de westlike helte fan Mongoalje en de noardpunten fan 'e Sineeske gebietsdielen Sinkiang-Oeigoerje en Mantsjoerije hearre ta it areaal fan 'e Alpensniehin. Dêropta besteane der isolearre populaasjes yn it Pamirberchtme fan eastlik Tadzjikistan en westlik Sina, yn 'e Sichote-Alin fan it Kustterritoarium fan it Russyske Fiere Easten, yn 'e Japanske Alpen op it Japanske eilân Honsjû en op 'e Russyske arsjipel Frâns Joazeflân yn 'e Noardlike Iissee fan 'e hege Arktis.

Yn it uterste westen fan Noard-Amearika libbet de Alpensniehin yn grutte dielen fan 'e Amerikaanske steat Alaska, it grutste part fan 'e Aleoeten ynbegrepen, mar útsein de Yukon-Kuskokwimdelta en it Binnenlân fan Alaska. As stânfûgel komt de Alpensniehin yn Kanada foar yn 'e Yukon, it noarden fan 'e Noardwestlike Territoaria, it meastepart fan Nûnavût (de Arktyske Arsjipel ynbegrepen), de noardpunt fan Kebek en Labrador en de westlike helte fan it eilân Nijfûnlân. As wintergast is er ek bekend yn Britsk-Kolumbia bewesten de Rocky Mountains (en in lyts hoekje fan 'e oanbuorjende Amerikaanske steat Washington), it suden fan 'e Noardwestlike Territoaria en Nûnavût, it noarden fan Alberta, Saskatchewan, Manitoba en Ontario, it sintrale diel fan Kebek en it suden fan Labrador.

As eksoat is de Alpensniehin troch de minske yntrodusearre op it Sudereilân fan Nij-Seelân, dêr't er yn 'e Nijseelânske Alpen libbet, en ek op ferskate eilannegroepen yn 'e Súdlike Oseaan. Dêrby giet it om Súd-Georgje, dat diel útmakket fan it Britske gebietsdiel Súd-Georgje en de Súdlike Sandwicheilannen, en Kerguëlen en de Crozeteilannen, dy't beide hearre ta de Frânske Súdlike en Antarktyske Lannen.

In pearke Alpensniehinnen yn maitydskleed yn Noarwegen.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Alpensniehin hat trochinoar in kop-sturtlingte fan 34–36 sm, mei in wjukspanne fan 54–60 sm en in gewicht fan 440–640 g. Dêrmei is er in slachje (likernôch 10%) lytser as syn miich, de moerassniehin (Lagopus lagopus). De Alpensniehin hat in swarte snaffel en befearre poaten. Boppe de eagen hat er in healrûne kaam, dy't yn 'e peartiid by de hoannen fel read kleuret.

It fearrekleed fan 'e Alpensniehin is simmerdeis op 'e kop, hals, nekke, rêch en it boarst grizich brún en op 'e bealch, poaten en wjukken wyt. De kleur fan 'e hoannen en hinnen ûntrint inoar net sa bot, mar it brún fan 'e hoannen is oer it algemien wat dûnkerder, wylst it brún fan 'e hinnen mear moarmere is. Hjerstmis, by it ferfearjen, krije hoannen en hinnen lykwols in folslein wite skutkleur, útsein in swarte line fan 'e eagen nei de snaffel en de bûtenste sturtfearren, dy't ek swart bliuwe.

De Alpensniehin kin fan 'e nau besibbe moerassniehin ûnderskaat wurde troch syn rankere snaffel en de swarte streek fan syn eagen nei de snaffel. Teffens jout de Alpensniehin de foarkar oan noardlikere, of (yn 'e bergen) heger leine, gebieten as de moerassniehin.

Aaien fan 'e Alpensniehin.

Alpensniehinnen libje benammen yn 'e poalstreek en op 'e toendra. Dêrnjonken komme se ek foar yn heechberchtmen, mar inkeld boppe de beamgrins.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oars as de measte oare fûgelsoarten dy't yn 'e poalstreek oerwinterje, winne Alpensniehinnen net yn substansjele mjitte oan yn gewicht om harsels ta te rieden op 'e kommende winter. Wittenskiplik ûndersyk hat útwiisd dat Alpensniehinnen mar hiel beheind it fermogen hawwe om enerzjy yn ûnderhûdsk fetweefsel op te slaan. De hyperboreäle Alpensniehin, dy't op Spitsbergen en Frâns Joazeflân foarkomt, is de iennichste ûndersoarte fan 'e Alpensniehin dy't foar de winter, as de útsûndering op 'e regel, wól oansjenlik yn gewicht oanwint.

De hoannen fan 'e Alpensniehin fêstigje yn 'e peartiid in territoarium dat se ferdigenje tsjin oare hoannen. Dêrby komme fysike gefjochten lykwols mar komselden foar. Om hinnen te lokjen pronkje de hoannen op 'e grûn troch de sturt op te setten ta in waaierfoarm, de hals út te rekken nei foarren ta en de wjukken fansiden en omleech hingje te litten. Yn 'e loft fiere se aktrobatyske fleanmaneuvers út. Ek bringe se in repertoire oan gnoarjende, kreakjende en ratteljende lûden fuort, mei as hichtepunt, by it delkommen út in oandachtlûkende fleanmaneuver, in racheljend "ah-AAH-ah-AAH-ah-ah-ah-ah-ah-ah!", dat wol omskreaun wurdt as in stôk dy't fluch oer de fertikale plankjes fan in houten túnstek hinne helle wurdt. Nei de pearing leit de hin 1–6 aaien yn in nêst dat foarme wurdt troch in ûndjip dobke yn 'e grûn. De briedtiid beslacht by de Alpensniehin trochinoar 21 dagen. De piken binne nêstflechters dy't har al rillegau min ofte mear sels rêde kinne. Mei 6 moannen binne se geslachtsryp.

In pyk fan 'e Alpensniehin.

Alpensniehinnen binne foar it meastepart herbivoar, en frette benammen de griene dielen fan krûden en strewelleguod, mei dêropta beien en blommen yn 'e dielen fan it jier dat dy der binne. Yn gebieten dêr't beammen foarkomme, lykas súdlik en westlik Alaska, frette se ek knoppen fan û.o. espen, bjirken en wylgen. Piken frette behalven plantaardich guod ek ynsekten, larven en slakken.

Natuerlik fijannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei't se fier yn it noarden of heech yn 'e bergen libje, hawwe de Alpensniehinnen net in protte natuerlike fijannen. De wichtichste rôfdieren dêr't se mei te krijen hawwe, binne de poalfoks (Vulpes lagopus) en soms in hongerige iisbear (Ursus maritimus) yn 'e poalstreken en rôffûgels as de keningsearn (Aquila chrysaetos) yn 'e bergen.

De Alpensniehin hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Nettsjinsteande dat is de Alpensniehin in populêre jachtfûgel. Yn Iislân is it fleis fan Alpensniehinnen in delikatesse dat tradisjoneel by feestmielen optsjinne wurdt. Omreden fan 'e weromrinnende populaasje op it eilân waard de jacht op Alpensniehinnen yn 2003 ferbean. Fan 2005 ôf waard it wer tastien, mar sûnt is it bûn oan tige strange regels (it mei bgl. inkeld op beskate dagen) en it mei allinnich mar foar eigen konsumpsje: alle hannel yn Alpensniehinnefleis is yllegaal. Neilibbing fan dat ferbod wurdt ôftwongen mei hege boetes. Neffens A History of British Birds fan Thomas Bewick, in boek dat publisearre waard yn 1797, hat it fleis fan Alpensniehinnen "soms in wat bittere, mar net ûnoangename smaak; it is dûnker fan kleur en smakket wol wat nei hazzefleis."

In pearke Alpensniehinnen yn winterkleed wurdt wei tsjin 'e snieïge eftergrûn yn Glencoe, yn Skotlân.

Der binne 23 (stân fan saken yn 2021) erkende ûndersoarten fan 'e Alpensniehin (Lagopus muta):

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.