Springe nei ynhâld

ß

Ut Wikipedy
Eksimpels fan de letter ß

De letter ß (ek wol de ringel-s, Dútsk: esszett of scharfes S) is in letter yn it Dútske alfabet. It is de iennichste letter út it Dútske alfabet dat net foarkomt yn it Latynske alfabet.

De lêste staveringsferoaring fan 1996 waard yn 1998 fan krêft. Yn 2004 en 2006 waard de staveringsferoaring fan 1996 oanpast. Nei de staveringsferoaring en de twa oanpassingen sjocht de regel foar it brûken fan ss of ß der sa út:[1]

  • ß nei in lange fokaal of twalûd (heiß, bloß, Straße, beißen, draußen),
  • ss nei in koarte fokaal (dass, Fass, bisschen, nass).

Foarbyld: Er vergaß, dass das heiße Fass ein bisschen nass war.

Switserlân en Lychtenstein

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan it hiele Dútske taalgebiet brûke allinnich Lychtenstein en Switserlân de letter ß net. Yn Switserlân waard de letter yn 'e rin fan de 20e iuw ferballe troch de minsken. Yn 1974 wie de Neue Zürcher Zeitung de lêste krante yn Switserlân dy't ophold mei it brûken fan de letter. Foar de ß is de „ss“ yn it plak kommen. Dy skriuwregel is ek bestjoerlik fêstlein.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Webside Universiteit Magburg: Deutsche Rechtschreibung – was hat sich geändert?
  2. Webside bk.admin.ch: http://www.bk.admin.ch/dokumentation/sprachen/04915/05018/index.html?lang=de Leitfaden zur deutschen Rechtschreibung]