Springe nei ynhâld

Muntienheid

Ut Wikipedy
The printable version is no longer supported and may have rendering errors. Please update your browser bookmarks and please use the default browser print function instead.

De muntienheid of faluta fan in lân is it offisjeel jildende betelmiddel fan in lân, bygelyks, it Britske pûn, de Amerikaanske dollar of de euro.

Yn in protte gefallen is in munt beheind ta ien lân, bygelyks, it Britske pûn yn Grut-Brittanje. It bart lykwols ek dat in lân de munt fan in oar lân brûkt. Sa is de Amerikaanske dollar net allinnich de munt fan de Feriene Steaten, mar hat ûnder oaren ek East-Timor de dollar as munt oannaam. Guon oare lannen hâlde ek in fêste ferhâlding oan tusken harren munt en de dollar. In pear munten binne mienskiplik foar in groep lannen, bygelyks de euro foar de JU-lannen yn de muntuny.

In ynternasjonale standert, ISO 4217, beskriuwt foar alle lannen in trijeletterige ôfkoarting foar de munt.

Keppeling om utens

  • Wikiwurdboek-side - munt