Springe nei ynhâld

Dea

Ut Wikipedy
The printable version is no longer supported and may have rendering errors. Please update your browser bookmarks and please use the default browser print function instead.
In minsklike plasse: it symboal fan 'e dea.

De dea (of, argaysk: dead, fan it Proto-Germaanske *dauthuz) is de tastân nei it ferstjerren fan in libben organisme, wêrby't alle biologyske funksjes fan dat organisme opholden binne. Der is dan gjin groei, ferâldering of bewustwêzen mear, gjin spiisfertarring of bloedsirkulaasje en der wurde gjin aktive ferrjochtings mear útfierd, lykas sykheljen, tinken, ferwegen, iten, drinken, ensfh. It biologyske proses wêrby't in libben organisame deagiet, wurdt it ferstjerren neamd. As symboal foar de dea wurdt ornaris in minsklike plasse (skedel) brûkt. De dea wurdt yn literatuer en folkloare gauris personifisearre as de Seineman (Meagere Hein)

Oarsaken fan 'e dea

De meast foarkommende ferskynsels dy't de dea ta gefolch hawwe, binne ferâldering (ek wol in natuerlike dea neamd); predaasje (benammen by bisten); sykte; malnutrysje; ûnderfieding of ferhongering; útdrûging; ferdrinking (ek wol de drinkeldea neamd); fergiftiging (by fersin, by ûngemakken of selsoandien, lykas troch oermjittige ynname fan alkohol); moard; selsmoard; eutanasy; en ûngemakken wêrby't men fataal ferwûne rekket, lykas in fal, elektrokúsje, in ferkearsûngemak, in loftfeartûngemak, skipbrek of in spoarûngemak.

Soarten dea

De dea wurdt ornaris as in ûnomkearber proses sjoen, mar dat is net alhiel wier. Yn guon spesjale omstannichheden is it tsjintwurdich foar de medyske wittenskip mooglik om in persoan werom te bringen út in tastân dy't net oars as 'dea' neamd wurde kin. Minsken dy't soks oerkomt, wurde oantsjut as klinysk dea. Dat is bygelyks sa by in hertoanfal. Troch flugge en kundige medyske behanneling, lykas mûle-op-mûlebeäzeming, hertmassaazje of it tatsjinjen fan in elektryske skok om it hert wer op gong te helpen, is it soms mooglik om in sa'n persoan werom te bringen.

Meastal binne sokke minsken mar heechút in pear minuten 'wei' west, mar guon minsken dy't yn tige kâld wetter fallen en dêr 'ferdronken' wiene, binne noch wer bybrocht nei't se mear as tweintich minuten ûnder wetter ferkeard hiene, wêrby't al harren biologyske funksjes ta stilstân kommen wiene. Yn sokke gefallen wurdt faak sprutsen fan in hast-dea-ûnderfining, hoewol't dy oantsjutting op ûneigentlike wize ek wol losser brûkt wurdt foar in barren wêrby't men mei de skrik frijkomt.

De Dea fersoarget syn blommen op in skilderij fan Hugo Simberg út 1906.

As sykheljen, bewustwêzen en bloedsirkulaasje net wer op gong brocht wurde kinne, is immen biologysk dea. Yn it ramt fan 'e orgaandonaasje wurdt dat ek wol 'hertdea' neamd. Yn 'e genêskunde wurdt in minske as folslein dea beskôge as de harsensfunksjes foarfêst opholden binne. Sokke persoanen wurde harsensdea neamd. Neffens dy definysje is it mooglik om mei in noch altyd klopjend hert as folslein dea beskôge te wurden, om't in hert út himsels klopjende bliuwe kin sûnder dat dêr funksjonearjende harsens foar nedich binne. Foar sykheljen binne dy lykwols àl nedich, sadat immen dy't sûnder help fan beäzemingsapparatuer noch sykhellet, net harsensdea is.

Untbining

Nei't de dea yntreden is, begjint it ûntbiningsproses fan it lyk of kadaver fan it oangeande organisme, dat men by minsken faak oantsjut as it stoflik omskot. Dêrby wurde ferskate stadia trochrûn. It earste stadium is dat fan 'e livor mortis of lykplakken, mei't troch it ophâlden fan 'e bloedsirkulaasje alle bloed yn it lichem troch de swiertekrêft nei de leechste lichemsdielen rint, mei as gefolch dat dy pearsblau ferkleurje, wylst de rest fan it lichem lykbleek wurdt. Likernôch 1-4 oeren nei it ferstjerren begjint de rigor mortis of lykstiifheid, wêrby't troch biogemyske prosessen de spieren fan it lyk stiif wurde en dat bliuwe oant sa'n 48 oeren nei it ferstjerren. Ungefear 12 oeren nei it fertsjerren is it lyk alle lichemswaarmte kwytrekke en begjint de algor mortis of lykkjeld, wêrby't it lyk de temperatuer fan syn om-en-by oannimt.

De ferrotting of putrefaksje fan it lyk begjint trije dagen nei it ferstjerren. Wat heger oft de omjouwingstemperatuer is, wat flugger oft dat proses ferrinne sil. Dêrby sille ynsekten aaien lizze yn it lyk, wêrnei't in pear dagen letter de earste maitsen derút begjinne te krûpen. Tagelyk sille iesitende bisten fan it lyk begjinne te fretten ynsafier't dat foar harren tagonklik is. Nei in pear wiken sil it tsjin dy tiid troch biogemyske en bakteriële prosessen opsette lyk iepenbarste. Nei noch ferskate wiken sil it lyk amper mear as minske of bist werom te kennen wêze, en nammenste minder as der iesiters oer gear west hawwe. As de omstannichheden dêrta oanwêzich binne, kin in lyk ynstee ek útdrûgje troch in proses fan natuerlike (of keunstmjittige) mummifikaasje.

Ferskaat

Seksueel fetisjisme foar minsklike kadavers hjit nekrofily of nekromany; ien dy't dêrmei oanhelle is, wurdt in nekrofyl neamd. In eangstme foar de dea of de deaden is nekrofoby. In biografy fan in (krekt ferstoarne) deade hjit in nekrology, en dy wurdt skreaun troch in nekrolooch. In grut begraafplak wurdt ek wol in nekropolis of 'deadestêd' neamd. Yn 'e fantasy en mearkes is nekromantyk in foarm fan tsjoenderij dy't gebrûk makket fan 'e dea of fan deaden.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.