It Kustterritoarium (Russysk: Приморский Край, Primorskij Kraj), ynformeel ornaris de Kust neamd (Russysk: Приморье, Primorje), is in territoarium (kraj) fan 'e Russyske Federaasje. It leit yn it Russyske Fiere Easten, yn it uterste súdeasten fan Sibearje, ynklamme tusken Sina en de Japanske See. It Kustterritoarium hat ek in koarte grins mei Noard-Koreä. De haadstêd en teffens grutste stêd is Vladivostok. Yn 'e mande mei stêden oan 'e Swarte See en de See fan Azov binne de havens fan it Kustterritoarium de seldsume Russyske havens dy't winterdeisiisfrij bliuwe. It Kustterritoarium waard yn 1860 troch it Keizerryk Ruslânanneksearre; earder makke it diel út fan Bûten-Mantsjoerije, dat ta it Keizerryk Sina hearde. As bestjoerlike ienheid waard it yn syn hjoeddeistige foarm yn 1938 oprjochte. It Kustterritoarium hie yn 2021 rom 1,8 miljoen ynwenners.
Besikers kinne mei de Temasiden sjen hokker siden wy fan beskate tema's hawwe. Mei de Kwissipedy kinne besikers op in boartlike wize yn 'e kunde komme mei de ynhâld fan de Wikipedy.
Sjoernalisten dy't wat witte wolle oer de Wikipedy kinne sjen by Parse.
Nije skriuwers kinne altyd Meidwaan, mar dêrfoar binne wol wat lytse Regels. Begjinnende skriuwers kinne better earst sjen hoe't hja Ienfâldich begjinne kinne.
Plaatsje fan de wike
In mantsje fan 'e spinnesoarte Telemonia dimidiata.
Alle siden fan de Wikipedy falle ûnder de GNU Iepen Dokumintaasje Lisinsje. De ynhâld is iepenbier en mei ûnder de lisinsjebetingsten frij ferspraat wurde.