De Gold Coast (Ingelsk foar "Goudkust") is in stêd en gemeente (local government area) yn 'e Austraalje. It plak leit yn it uterste súdeasten fan 'e Australyske steat Queenslân, dêr't it oer in ôfstân fan krapoan 56 km fan noard nei súd by de kust fan 'e Stille Oseaan lâns rint. Yn it noarden grinzget it oan 'e stêdekloft fan Brisbane, de haadstêd fan Queenslân, en yn it suden leit it oan 'e grins mei de dielsteat Nij-Súd-Wales. Yn 2021 hie de Gold Coast likernôch 641.000 ynwenners. Dêrmei is it de op ien nei grutste stêd fan Queenslân (nei Brisbane) en de op fiif nei grutste stêd fan Austraalje. De Gold Coast is in subtropyskbaaiplak en in wichtige toeristyske bestimming yn Austraalje, mei as sintrum it omskriuwend neamde Surfers Paradise. Behalven om syn strannen stiet de stêd ek bekend om syn troch wolkekliuwers dominearre skyline, syn ferdivedaasjeparken en nachtklubs en syn troch tropysk reinwâld begroeide efterlân. In wichtich part fan 'e Australyske tillefyzje- en filmyndustry is yn 'e Gold Coast fêstige.
Besikers kinne mei de Temasiden sjen hokker siden wy fan beskate tema's hawwe. Mei de Kwissipedy kinne besikers op in boartlike wize yn 'e kunde komme mei de ynhâld fan de Wikipedy.
Sjoernalisten dy't wat witte wolle oer de Wikipedy kinne sjen by Parse.
Nije skriuwers kinne altyd Meidwaan, mar dêrfoar binne wol wat lytse Regels. Begjinnende skriuwers kinne better earst sjen hoe't hja Ienfâldich begjinne kinne.
Alle siden fan de Wikipedy falle ûnder de GNU Iepen Dokumintaasje Lisinsje. De ynhâld is iepenbier en mei ûnder de lisinsjebetingsten frij ferspraat wurde.