Peter Tuinman
Peter Koop Tuinman (Twizel, 15 april 1947) is in Nederlânsk akteur.
Peter Tuinman | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Peter Koop Tuinman | |
berne | 15 april 1947 | |
berteplak | Twizel | |
jierren aktyf | 1967-no |
Biografy
bewurkje seksjePeter Tuinman is berne yn Twizel as soan fan in skoalhaad. Heit Anne Tuinman sette toanielstikken oer, tekene, en skreaun revu’s. Mem Albertha Bloembergen wie djipleauwich en song yn it tsjerkekoar fan Oerterp. Syn âlden namen him faak mei nei it teäter yn Drachten.
As tsiener woe Tuinman lykwols sporter wurde. Op de middelbere skoalle blykt Peter as atleet en as basketballer by de bêsten fan de skoalle te hearren. Hy makket diel út fan it basketbalskoalteam. Hy wurdt ek lid fan atletykferiening AV’55 op It Hearrenfean, mar neidat in lytse hertôfwiking fêststeld wurdt moat hy him syn dreamde karrière as atleet út’e holle sette.
Peter Tuinman giet dochs it toaniel op en troch it selskip Tryater waard hy bekend. Op it Drachtster Lyseum makket er de hbs-a ôf en giet sosjology studearjen. Hy brekt syn stúdzje lykwols ôf en wurdt frachtweinsjauffeur, diskjockey en barkeeper. Dêrnei wurdt hy manager by in bank. Syn hobby bliuwt toanielspyljen.
Op advys fan de lieder fan Tryater wurdt hy beropsakteur. Tuinman spile yn de telefyzjesearjes Tusken wâl en skip (1977) en De Kris Pusaka út itelde jier, mar bruts troch mei syn rol yn de film Spetters as Jaap, de homoseksuele broer fan Fientje. Hjirnei folgen rollen yn ferskate oare Nederlânske spylfims. Tuinman is dêrneist aktyf as toanielspiler en as telefyzje-akteur.
Tuinman is ek yn ferskate Fryske films te sjen, ûnder oaren yn De Dream - in ferfilming fan de Hogerhuis-saak út 1985 - en De Fûke (2000). Yn de dramasearje Dankert & Dankert fan Omrop Fryslân, ynspirearre op de twilling Willem en Hans Anker, spilet Tuinman de dûbele haadrol.
Yn 1985 krijt hy in Gouden Keal foar syn rol as Wybren Hogerhuis yn De Dream.
Tuinman is skieden fan Froukje Oostra. Ut syn eardere relaasje mei Patricia Bleeker hat hy in soan, Frank Tuinman. Yn 2005 wenne hy yn Oerterp.
Filmografy
bewurkje seksje- Spetters (1980) fan Paul Verhoeven
- Het Teken van Het Beest (1980)
- Een Vlucht Regenwulpen (1980) fan Ate de Jong mei Jeroen Krabbé en Marijke Merckens
- Meisje Met Het Rode Haar (1981) fan Ben Verbong
- Ik ben Joep Meloen (1981) comedy fan Guus Verstraete
- De Weg (1982) fan Willy van Hemert, mei Sjoerd Pleysier en Anne Wil Blankers
- De Stille Oceaan (1984) fan Digna Sinke mei Andrea Domburg
- De Schorpioen (1984)
- Parfait Amour (1985)
- De Dream (1985) fan Pieter Verhoeff
- Blindeman (1986) (TV)
- Blonde Dolly (1987) -psychologische thriller fan Gerrit van Elst, Jonne Severijn
- Van Geluk Gesproken (1987) – fan Pieter Verhoeff
- De rivier waarin ik zwom (1988) fan Eric Oosthoek
- De Papegaai (1989) mei Frank Groothof
- Vincent & Theo (1990)
- Ik Ga Naar Tahiti (1992)
- Angie (1993) – fan Martin Lagestee
- De Wereld van Ludovic (1993) (TV)
- De Fjoertoer (1999)
- De Fûke (2000)
- De Zwarte Meteoor (2000) fan Guido Pieters
- Nynke (2001) Pieter Verhoeff
- De Skippers fan de Kameleon (2003) fan Steven de Jong
- Sportman fan de ieu (2006)
- De Scheepsjongens van Bontekoe (2007)- as Willem Ysbrandtsz Bontekoe
- De Hel van '63 (2009) - lanhearre Eisinga
- How to Train Your Dragon (2010) - Stompum de Mânske (stim)
- Brave (2012) - kening Fergus (stim)
- How to Train Your Dragon 2 (2014) - Stompum de Mânske (stim)
- How to Train Your Dragon: The Hidden World (2019) - Stompum de Mânske (stim)
TF-searjes
bewurkje seksje- Tussen Wal en Schip (1977)
- De Kris Pusaka (1977)
- Transport (1983)
- Oog in Oog (1991)
- Bureau Kruislaan (1993) detective fan Vivan Pieters
- Unit 13 (1996)
- Costa! ôfl. 'Zwoele Nachten, Ware Liefde' (2001)
- Baantjer
- De Cock en de Moord op de Werf (2001)
- All Stars (18 desimber 2001, gastrol as Bram syn 'omke Jan')
- De Cock en de Onzichtbare Moordenaar -diel 1 en 2 (2006)
- Dankert & Dankert Telefyzjerige - Pieter/Jelle Dankert (sa'n 50 ôfl., 2006-2007)
- Bit (telefyzjerige) - Boargemaster (Ofl., In bline neger, 2008|Skuld & ferjouwing, 2009)
- Hoe tem je een draak (2010) - Stim
- De Goede Dood (2012) - Robert
- Moordvrouw (2012) - Ewoud Nissick
- Rood (2013) - Jager
- Sams Kerst (2015) - Pake Jacob
- Flikken Maastricht (2015) - Hans Bartelmans
- Sinterklaasjoernaal (2017) - Bauke Berenburg
Prizen
bewurkje seksje- Gouden Keal - bêste akteur De Dream, 1985
- Louis d'Or - bêste akteur, nominaasje, De Revisor, 1991
- Parse-priis - Ik Jan Cremer, rock-opera, 1986
- Prix d'Italia – Ik ga naar Tahiti, 1993
- Gouden Keal - De Fjoertoer, nominaasje
Ferskaat
bewurkje seksje- Abe spektakelstik (1995) yn it Abe Lenstra stadion
- Presintaasje fan it programma “Masterplan” fan Endemol (2003)
- De Heeren van het Veen mei Jos Thie (2006) yn it Abe Lenstra stadion mei Karin Bloemen.