Gregoriaanske kalinder
De Gregoriaanske kalinder is de kalinder dy't op it stuit brûkt wurdt yn de westerske wrâld.
Oanpassing
bewurkje seksjeDe Gregoriaanske kalinder is in oanpassing fan de Juliaanske kalinder, om't dy oer de rin fan in milennium sa'n 7,8 dagen te lang duorre. De ferbettering fan paus Gregorius XIII, op rie fan Lilio en oaren, wie dat in iuw-jier gjin skrikkeljier is, útsein as it dield wurde kin troch 400. Dit is noch net perfekt, en men hat dan ek alris útsteld om elts jier dat troch 4000 dield wurde kin ek gjin skrikkeljier te meitsjen, mar eins is it sa dat men der net wis fan is dat oer sa'n lange tiid it sinnejier altyd likelang bliuwe sil.
Ynfiering
bewurkje seksjeDe Gregoriaanske kalinder is 24 febrewaris 1582, mei de bul Inter gravissimas, troch Gregorius XIII ynsteld. Dat woe net sizze dat dizze tiidrekkening ek oeral daalks ynfierd waard. Ien fan de problemen wie dat by it ynfieren ek de ôfwiking oant dan ta wer goedmakke wurde moast. Mar by de oanpassings hat wis ek it ferskil tusken Katoliken en de Protestanten meispile. Sa wurdt yn it beslút fan de Steaten fan Fryslân ek net sprutsen fan it ynfieren fan de "Gregoriaanske kalinder", mar fan it ynfieren fan de "ferbettere Juliaanske kalinder".
De measte katolike lannen hawwe de kalinder daalk ynfierd, wêrby op tongersdei 4 oktober 1582 freed 15 oktober 1582 folge. Mar oare lannen hawwe langer wachte om't se eins net oan dy nuvere oergong yn de kalinder woenen. De súdlike en westlike Nederlannen wienen der fluch by; in part die it al yn 1582, en de rest, lykas West-Fryslân, gong fan 1 jannewaris 1583 nei 11 jannewaris 1583. Mar de noard-eastlike, wêrûnder Fryslân, binne pas fan 31 desimber 1700 op 12 jannewaris 1701 oergongen, útsein de Grinzer Ommelannen dy't pas yn 1711 oergongen binne. Dizze oergong fan alve dagen hat de oarsaak west fan it ûntstean fan dagen as Alde Maaie en Ald Alderheljen.
Mar yn de Sowjetuny hat de oergong noch yngripender west. De Sovjetuny gong yn 1918 oer, koart nei de Russyske revolúsje. Doe wie it ferskil fansels noch grutter wurden. Nei 31 jannewaris 1918 kaam dêrom 14 febrewaris, sa't 13 dagen ynhelle wienen. Om't de revolúsje op 25 oktober 1917 wie, skode de jierdei dêrfan ek troch. Sa komt it dat de Oktober-revolúsje yn novimber fierd waard.
It lêste lân dat de Gregoriaanske kalinder ynfierde wie Grikelân, yn 1924. Mar yn in part fan de Otterdokse tsjerken wurdt foar de tsjerke-kalinder hieltyd noch mei de Juliaanske kalinder rekkene.
Alde en nije styl
bewurkje seksjeTusken 1583 en 1700 brûkten Fryslân en Hollân ferskillende kalinders. De Fryske steedhâlder Willem Freark, dy't ek geregeldwei nei De Haach moast, hold yn syn deiboeken beide datums oan, bygelyks yn 1643: Den 23 april/3 maij ginck ick uyt Vrieslandt oover Bolswert, Worckum ende quam dien avont tegens wint noch tot Enckhuysen om half achten ende nam strackx een waghen ende voer nae Alckmaer ……[1] Fiif jier letter einige de Tachtichjierrige oarloch. De Steaten fan Fryslân lieten in tinkstien foar de frede fan Munster meitsje, mei de wichtichste datums der op, yn âlde en nije styl. Oer de tekst fan it fredesferdrach wie yn jannewaris 1648 oerienstimming berikt. Yn Fryslân stie de kalinder op 20 jannewaris, yn Hollân op 30 jannewaris. Itselde ferskil wie der by de datums fan it offisjeel goedkarren fan it ferdrach en fan de spektakulêre feesterijen. De Steaten pleatsten de tinkstien tsjin de gevel fan har gearkomsteplak, it Lânskipshûs yn Ljouwert. (Tsjintwurdich sit de stien yn it koar fan de Grutte of Jakobinertsjerke.)
Wa't gjin dûbele boekhâlding fiere woe moast mei klam neame hokker datum hy brûkte: âlde of nije styl. In foarbyld dêrfan stiet op de gevelstien yn de muorre fan it eardere Blau Weeshûs yn de Dykstrjitte yn Frjentsjer. Op 6 jannewaris 1665 sakke prins Jehan Maurits fan Nassau-Siegen mei in diel fan syn gefolch troch de houten brêge yn de Dykstrjitte. Hy wie in neef fan de Fryske steedhâlder Willem Frederik, dy't op 31 oktober 1664 ferstoarn wie. Johan Maurits hie de bysetting fan de steedhâlder yn de Jacobinertsjerke op 25 desimber 1664 bywenne. De trije hjir neamde datums binne nije styl. De bysetting fan de steedhâlder wie dus foar de Friezen net op earste krystdei, want foar harren wie it pas 15 desimber âlde styl. Jehan Maurits bleau dêrnei noch yn Ljouwert om dêr de Fryske krystdagen mei te meitsjen, want dy wiene yn Hollân al foarby.[2]
Sjoch ek
bewurkje seksje- Ivichduorjende Gregoriaanske kalinder
- List fan ynfieringsdata fan 'e Gregoriaanske kalinder per lân
- Alde Maaie
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|